Merce Cunningham
Merce Cunningham, (Centralia), 16 april 1919 – New York City, 26 july 2009) wie in wichtige Amerikaanske koreograaf yn de 20e iuw.
As dosint en haad fan de Merce Cunningham Dance Company fernijde Merce Cunningham yn 'e fyftiger jierren alle gongbere koades fan it doetiidske beskriuwende ballet. As koreograaf liet hy de ferhaalline en de logyske opbou lizze. Hy liet syn dûnsers gjin ferhaal fertelle op muzyk mei in oanpast dekor, mar liet de koreografy it ferhaal fertelle. Fierders yntrodusearre hy it tafal yn de dûns, faak mei muzyk fan John Cage.
Koreografyen
bewurkje seksje- 2009 : Nearly Ninety
- 2006 : EyeSpace
- 2005 : Views on Stage
- 2003 : Split Sides
- 2000 : Interscape mei dekôrs en kostúms troch Robert Rauschenberg
- 1999 : Biped
- 1998 : Hand Drawn Spaces
- 1998 : Pond Way
- 1997 : Scenario mei kostúms troch Rei Kawakubo
- 1993 : CRWDSPCR
- 1991 : Beach Birds
- 1988 : Changing Steps en Five Stone Wind
- 1983 : Roaratorio op muzyk fan John Cage
- 1973 : Un jour ou deux
- 1970 : Objects
- 1968 : Walkaround Time
- 1960 : Crises
- 1956 : Changelings
- 1951 : 16 Danses pour soliste et compagnie de trois
- 1948 : Untitled Solo