Merkuerius fan Smolensk
Merkuerius fan Smolensk (Russysk: Меркурий Смоленский; berne ûnbekend, ferstoarn yn 1239) is de patroanhillige fan de Russyske stêd Smolensk. Merkuerius wurdt yn de otterdokske tsjerke fereare as martler, dy't it opnaam tsjin ynfallende Mongoalen.
Libben
bewurkje seksjeMerkuerius wie fan Slavysk en keninklike komôf en stamme út Moraavje. Neffens de beskriuwing wie Merkuerius tige from en brocht er syn libben safolle mooglik yn oerienstimming mei de Skrift. Hy hold hy him oan it fêstjen en keinens en brocht de jûnen troch yn gebed. Doe't er noch jong wie kaam hy nei Smolensk om dêr te tsjinjen by de foarst fan Smolensk.
Under de ynvaazje fan de Mongoalske hearser Batû Khan kamen de troepen, nei't hja al moardzjend earder al in soad oare Russyske stêden yn 'e jiske lein hiene, ek yn de kontreien fan Smolensk oan. Dêr yn de omkriten sloegen de troepen harren tinten op mei it doel Smolensk en de hillige plakken fan de stêd te ferwoastgjen. Neffens de oerlevering joech de Hillige Jongfaam de koster fan de katedraal de opdracht om Merkuerius te sykjen en op te heljen. Doe't Merkuerius by it ikoan fan de Mem Gods oankaam waard him troch de Jongfaam hjitten de striid oan te gean mei de troepen fan de Khan en tagelyk ûnthiet hja him tidens de striid himelske bystân.
Merkuerius die wat him sein wie. Dy nacht gyng er nei it fijanlike kamp en hy deade dêr ûnder it roppen fan de nammen fan de Hear en de Hillige Jongfaam mannich kriger fan de Khan. Ek de ûnbidich grutte oanfierder fan de troepen, dêr't elkenien benaud foar wie wist Merkuerius te deadzjen, mar de soan fan de oanfierder sloech Merkuerius de holle ôf. Doe't de troepen fan de Khan lykwols it himelsk leger seagen, smieten hja harren wapens del en naaiden út.
It lichem fan Merkuerius waard troch de ynwenners fan Smolensk begroeven yn de Himelfeartkatedraal. Al gau nei syn dea ferskynde Merkuerius oan de koster en joech him de opdracht om syn wapens boppe syn grêf te hingjen. Merkuerius ûnthiet dat hy dan tenei de ynwenners by fertriet en bedriging bystân jaan soe.
Sûnt 1509 wurdt Merkuerius fereard as beskermhillige fan de stêd. Fan de hillige bleaune de sandalen bewarre, dy't oant hjoeddedei noch jimmeroan yn de katedraal as reliken fereare wurde.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |