Himelfeartkatedraal (Smolensk)

De Katedraal fan 'e Himelfeart fan 'e Hillige Faam Marije (Russysk: Собо́р Успе́ния Пресвято́й Богоро́дицы) is de katedrale tsjerke fan it bisdom Smolensk fan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke. De katedraal stiet op in heuvel yn it sintrum fan Smolensk en waard ta oantinken fan de heldhaftige ferdigening fan Smolensk yn 'e jierren 1609-1611 boud tsjin de Poalsk-Litouske troepen op it plak fan in âldere katedraal út de 12e iuw.

Himelfeartkatedraal

Успенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Smolensk
plak Smolensk
koördinaten 54° 47' N 32° 03' E
Arsjitektuer
boujier 1677-1772
boustyl barok
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 681210004760006
Webside
smoleparh.ru
Kaart
Himelfeartkatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Himelfeartkatedraal

De oarspronklike katedraal waard yn 1101 boud yn opdracht fan Vladimir Monomach. De oan 'e Hillige Jongfaam wijde katedraal wie it earste monumintale bouwurk fan Smolensk.

By de bestoarming fan Smolensk nei in belegering fan 20 moannen belegering troch de Poalsk-Litouske troepen, lieten de ferdigeners fan d'e stêd op 3 juny 1611 de krûdmagazinen ûnder de katedraalheuvel ontploffe. Dit hie fan gefolgen dat in part fan 'e katedraal ynstoarte en tal fan froulju en bern ûnder it pún begroeven waarden. Under Poalsk gesach waard de katedraal reparearre, mar nei de befrijing fan Smolensk waard it âlde gebou yn 1674-1675 sloopt en sûnt 1677 útein set mei nijbou. De bou fan de katadraal duorre 95 jier en waard yn 1772 foltôge. De fergulde barokke ikonostaze mei ryk fykwurk is tritich meter heech en waard ûnder lieding fan S. Trûsitskim troch Oekraynske keunstners boud yn 'e jierren 1730-1740. De ikoanen binne fan deselde keunstners.

 
It wûnderdiedige Ikoan fan de Mem-Gods-fan-Smolensk, yn 1912 fotografearre troch Sergej Michailovitsj Prokûdin.

Doe't it Grande Armée fan Napoleon de stêd ynnaam, wie dy neffens de oerlevering sa ûnder de yndruk fan 'e katedraal, dat hy de soldaten op straffe fan de dea ferbea de katedraal te plonderjen.

Oant de jierren 1930 bewarre de katedraal it orizjinele ikoan fan de Mem-Gods-fan-Smolensk, dat troch prins Vladimir Monomach oan 'e ein fan 'e 11e iuw nei de stêd brocht wie. De ikoan, dy't yn 'e tradysje fan 'e otterdoksy de bewenners fan Smolensk sa faak by ynvaazjes holpen hie, waard yn 1812 mei nei Moskou nommen en flak foar de Slach by Borodino yn in prosesje troch it kremlyn droegen. De ikoan is yn 'e Twadde Wrâldkriich sûnder in spoar efter te litten ferdwûn. Oare reliken fan 'e katedraal binne de 13e-iuwske sandalen fan Merkuerius fan Smolensk. It kleed mei in foarstelling fan 'e grêflizzing fan Kristus fan ferskillende kleuren side mei goud- en sulvertried waard yn 1560 makke troch prinsesse Jefrosinija Staritskaja, de muoike fan Ivan de Ferskriklike, dy't ta in kleasterlibben feroardiele waard.

Yn 'e jierren 2008-2009 krige it eksterieur fan 'e katedraal by in renovaasje de oarspronklike kleurstelling werom.[1][2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: