Meubelfabryk De Vrij

Meubelfabryk De Vrij, offisjeel De Nijverheid, wie in meubelmakkerij op De Jouwer.

De Vrij yn 1910

Yn 1880 makke Koop de Vrij (1851-1922) klokkasten en stoven yn syn hûs oan 't Sân op De Jouwer. Yn 1892 ferhuze syn wurkplak nei de Midstrjitte en noch in pear jier letter liet er op in stik grûn efter dy winkel de nieuw in te richten stoommeubelfabriek De Nijverheid bouwe. It bedriuw waard yn 1899 al útwreide en 1909 modernisearre. It bedriuw bestie út trije ôfdielings, ek wol 'winkels' neamd. Yn de earste ôfdieling waard it hânwurk dien, yn de twadde wie de masinale ôfdieling en de tredde ôfdieling wie de stoffearderij. De Vrij wie spesjalisearre yn it opknappen fan tsjerkeynterieurs. Sa waarden opdrachten dien yn Ferwert, Muiderberg en De Haach. De meiwurkers wiene dan faak wikenlang fan hûs. Museum De Jouwer hat meubels fan De Vrij yn de kolleksje.

Nei it ferstjerren fan Koop de Vrij yn 1922 waarden der noch in soad meubels makke ûnder de namme Meubelmakerij De Vrij & Zn. By gelegenheid fan it 70-jierrich bestean waard in stripboekje útjûn mei as titel Gerben Schaaf. It boekje beskreau in soad nijsgjirrichheden oer de skiednis en groei fan it fabryk. Direkteur wie doe Rinke de Vrij. Nei de oarloch gie it bedriuw nei in oantal jierren ticht.

Yn de tweintichste iuw wiene der in soad meubelmakkers op De Jouwer lykas Zijlstra's Meubelfabryk, Meubelfabryk Van der Veer, Drost, Oom en Stroosma. By De Vrij waarden benammen swierdere meubels mei bolpoaten makke. By Zijlstra's Meubelfabryk op De Jouwer waarden lichtere meubels makke lykas ledikanten, stuollen, tafels en kasten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Piet Rigter van der Zee Joure in grootmoeders tijd Europese Bibliotheek ISBN 90 288 6142 4