Zijlstra's Meubelfabryk
Zijlstra's Meubelfabrieken NV wie in meubelmakkerij oan de Slachtedyk op De Jouwer dy't fan 1921 oant 1974 bestie.
It fabryk waard op 26 jannewaris 1921 oprjochte troch de bruorren Folkert en Wiero Zijlstra. Yn datselde jier waard al begûn mei de bou fan in grutte fabrykshal fan fyftich by alve meter. By in grutte brân by oaljeslaggerij E.A. de Boer, dy't wat fierderop stie, gie it fabryk yn de nacht fan 18 op 19 april 1928 troch brân ferlern. Troch de hurde wyn baarnden ek noch trije huzen en in buorkerij ôf. Direkteur Wiero Zijlstra liet yn rap tempo in nije fabryk bouwe. De hannel gie dêrnei goed, yn it topjier 1950 wurken der 115 minsken yn it fabryk. Henk Zijlstra, de soan fan Feiko naam letter it bedriuw oer. Foar de Twadde Wrâldoarloch stiene 120 minsken op de leanlist, yn 1973 wienen dat noch mar tritich. In soad meubels waarden ferkocht nei de Wettersneedramp fan 1953. Yn 1974 waard it bedriuw opkocht troch Douwe Egberts.
Tusken de lytsere masineôfdieling en de grutte masineôfdieling rûn in as dêr't de masines op oansluten wiene. Yn de 'grutte' masineôfdieling stiene bygelyks in lintseach, in frees en in flakbank. Direkteur Feiko hie oan syn hân trije fingerstompkes troch in ûngelok mei de seachmasine. By Zijlstra waarden oar soarte meubels makke as by de Jouster meubelfabryk De Vrij. By De Vrij waarden benammen swierdere meubels mei bolpoaten makke. By Zijlstra waarden lichtere meubels makke lykas ledikanten, stuollen, tafels en kasten. De houten meubels hienen in finearlaach fan mahoany of nutehout. It finearhout hie as foardiel dat it net krimpt. It hout waard mei skippen oanfierd oer de Jouster Sylroede en dan oer spoarreels nei de loadsen efter it fabryk riden. De meubels waarden ûntwurpen troch A.A. Patijn en Piet de Lange. De meubels waarden ûnder oare oankocht troch Hotel Krasnapolsky yn Amsterdam en de Bataafsche Petroleum Maatskippij. Op de Jouwer makke Zijlstra de tsjerkebanken fan de Roomkse tsjerke en ek DE-eigener Johannes de Jong en syn soan kochten meubels fan Zijlstra. It fabryk hie toansealen op meardere plakken yn Nederlân, ien stie yn de Sarphtatistrjitte yn Amsterdam. De firma hie twa frachtweinen dy't in soad meubels nei begoedige klanten yn Amsterdam en De Haach brochten.[1]
Yn de tweintichste iuw wiene der in soad meubelmakkers op De Jouwer lykas Meubelfabryk De Vrij, Meubelfabryk Van der Veer, Drost, Oom en Stroosma.
Yn 2014 hold Museum De Jouwer in tentoanstelling Frysk Design mei Poly-Z meubels fan Zijlstra en stuollen fan de Jouster meubelfabryk 'Van der Veer'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|