Jan Michiel Alma (De Haach, 6 july 1945) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Nei it gymnasium Haganum studearre hy yn Rotterdam westerske sosjology oan de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle (no Erasmus Universiteit Rotterdam). Yn 1969 studearre hy dêr ôf wêrnei't hy syn miltêre tsjinstplicht die (diels detasjearre as sosjolooch by de stichting Bio-wittenskippen en maatskippij). Dêrnei wurke hy by Rykswettersteat en yn 1973 makke hy de oerstap nei it ministearje fan Finansjen.

Yn oktober 1979 waard hy boargemaster fan de gemeente Doanjewerstâl as opfolger fan J.C. Cavaljé. Op 1 jannewaris 1984 gie dy gemeente by de Gemeentlike weryndieling op yn de nije gemeente Skarsterlân wêrmei't syn funksje kaam te ferfallen. Op dyselde dei waard Alma boargemaster fan Borculo. Yn de simmer fan 1987 hie hy in slim ûngelok doe't hy mei syn auto tsjin in losrinnend hynder ried wêrby't hy in dwerslaesie oprûn. Sittend yn in rolstoel bleau hy oant 2002 boargemaster fan Borculo. Dêrnei gie hy werom nei Langwar en waard dêr foarsitter fan de wettersportferiening en fan de 'Freonen Tsjerkebou Langwar'.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante 20 augustus 1979