In mikromoanne is de astrologyske namme foar in folle moanne dy't lytser eaget en minder helder as de folle moanne oars is. De grûn fan dat ferskynsel is dat de Moanne yn in ellips om de Ierde rint, en dêrtroch is hja somtiden fierder fuort fan de Ierde is as oars. De ôfstân tusken Moanne en Ierde is likernôch tusken de 357.000 km en 406.000 km, wat trochsneed delkomt op sa'n 384.450 km. At de de ôfstân meer is as 400.000 km, wurdt der sprutsen fan in mikromoanne.

Ferskil yn skynbere grutte fan in supermoane, in mikromoanne oer.

Ek in nije moanne kin in mikromoanne wêze, mar fansels is dy op dat stuit net sichtber; it is allinnich de ôfstân op dat maksimum dy't optekene wurdt as in mikromoanne.

Fan de tolve as trjitsjin folle moannen, is der heechút ien in mikromoanne, en soks jildt ek foar nijmoannen. Lykwols kin it wêze dat in jier hielendal gjin mikromoannen hat.

Oersjoch fan folmoannen en nijmoannen. Mikromoannen binne de punten boppenyn tekene.

In inkeld kear is in mikromoanne ek in moannefertsjustering; dat wurdt dan in bloedmikromoanne neamd.

Oarsom kin in moanne ek fierder tichterby wêze as de trochsnee; dan wurdt sprutsen oer in supermoanne.

Astronomysk is in mikromoanne in minimum wat tichteby it apogeum tusken Moanne en Ierde is. It is lykwols gjin astronomyske definysje.