Mildred L. Batchelder Award

De Mildred L. Batchelder Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e útjouwer fan 'e as bêste beoardiele Ingelsktalige en yn 'e Feriene Steaten publisearre oersetting fan in oarspronklik oars-talich berneboek. De tawizing en útrikking fan 'e priis wurdt beävensearre troch de Association for Library Service to Children (ALSC), de berne-ôfdieling fan 'e American Library Association (ALA). De earste útrikking fûn plak yn 1968; yn 1978 en 1993 waard der gjin Mildred L. Batchelder Award útrikt. De priis is ferneamd nei Mildred L. Batchelder, in eardere direkteur fan 'e ALSC, dy't har der o sa op talei om 'e barriêres fan misbegryp tusken lju fan ferskillende kultueren, rassen, folken en talen op te heffen.

Mildred L. Batchelder Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar oersettings fan berneboeken
útrikt troch ALSC
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1968
offisjele webside
www.ala.org/.../batchelderaward

De Mildred L. Batchelder Award is troch de jierren hinne seis kear útrikt foar in fan oarsprong Nederlânsktalich berneboek, de lêste kear yn 2015, foar Mikis and the Donkey (in oersetting troch Laura Watkinson fan Mikis, de Ezeljongen, fan Bibi Dumon Tak, út 2011). Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.