Minka, berne as Michelle Kim (Seoul, 7 septimber 1960), is de artystenamme fan in Súdkoreaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en porno-aktrise yn it grutte-boarstesjenre.

Minka
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michelle Kim
nasjonaliteit Súdkoreaansk
Amerikaansk
berne 7 septimber 1960
berteplak Seoel (Súd-Koreä)
etnisiteit Fjetnameesk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 1994 – no
offisjele webside
www.minkaxxx.com

Minka hat Fjetnameesk en Frânske foarâlden en waard grut yn Súd-Koreä. Nei de middelbere skoalle gie se oan 't wurk as stripper. Dêrnjonken beoefene Minka op heech nivo tennis, en wûn se yn 1993 mei har partner it dames-dûbelevenemint op 'e saneamde "Aziatyske Olympyske Spullen" dy't dat jiers yn Chicago holden waarden. Sa bedarre Minka yn 'e Feriene Steaten, dêr't hja neitiid besocht om in karriêre as tennistrener op te bouwen. Dat slagge har lykwols net om't se sakke foar in eksamen Ingelsk dat hja nedich hie foar it beheljen fan har Amerikaanske ûnderwiisfoech.

Yn 1995 liet hja har boarsten fergrutsje. Minka seit dat dy 6,1 kg it stik wage. Sy hat te sjen west yn ferskate Amerikaanske telefyzjeshows, û.o. by de The Jerry Springer Show (1996).

  • AVN Award foar "bêste grutte-boarstefideo fan it jier" (1998)
  • Hustler Busty Beauties "Centerfold of the Year"
  • Exotic Dancer Magazine "bêste grutte-boarste-artyste fan it jier" (2000)
  • Score Model of the Year 2005 (djipste dekolletee) (2006)
  • Erotica Hall of Fame (2007)
 
Minka by de oanrikkemandaasje fan it MWF ûnôfhinklik wrakseljen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje