Minne van der Staal
Minne van der Staal (Ikkerwâld, 17 juny 1879 - Alkmaar[1]16 novimber 1946[2]) wie in Nederlânske skriuwer en sjoernalist fan Frysk komôf.
Van der Staal wie in soan fan Jacob Dirks van der Staal en Beitske Minnes Dijkstra.
Van der Staal wie ien fan de redakteuren fan De Rotterdammer (yn 1975 fusearre mei Trouw) yn 1903. Tusken 1907 en 1916 wied er meiwurker fan dy krante. Hy wurke ek foar de Stichtse courant en foar de politike partij ARP
Yn 1916 besocht er as sjoernalist it eilân Marken, Bunschoten en Spakenburg, dy't slim te lijen hân hiene fan de wettersneed fan 1916. Yn opdracht fan it Watersnood-Comité skreau er letter dat jier it boek Januari-vloed.[3]
Staal skreau ûnder ferskate pseudonimen, as M. Jacobs (yn Timotheüs), as M. van der Duin (by útjouwerij Kok yn Kampen) as Peter Grossman (by Bosch yn Baarn) en as Petrus Kruisman (by Bredée yn Rotterdam) en as S. van Wouden yn De Rotterdammer. Syn ferhalen en boeken hawwe in evangelisearjende strekking.[4]
Van der Staal wie troud mei Zwaantje de Wit (1875-1942). Hy waard beïerdige op it Algemien Begraafplak yn Harns.[5]
Bibliografy
bewurkje seksje- 1912/13 „Tot arbeid geroepen”.
- 1914 „Anneke Jansz.”
- 1915 „Zonen der kerels”.
- 1915 Op leven en dood : geschiedenis van den Grooten Oorlog
- 1916 „Bange dagen”.
- 1916 „Januari-vloed”.
- 1914/18 „Op leven en dood”.
- 1923 „Kris uit de nachtbuurt” (ûnder pseudonym Petrus Kruisman).
- 1923 „Door zijn groote liefde” (as Peter Crosman).
- 1924 „Om een menschenziel” (ûnder pseudonym S. van Wouden).
- 1926 „Mathe Kaja” (as S. van Wouden).
- 1926 „De Herder roept!” (ûnder pseudonym M. Jacobs).
- 1927 „De kleinzoon van den hofprediker” (ûnder pseudonym M. Jacobs).
- 1927 „Het Evangelie der armen” (ûnder pseudonym M. Jacobs).
- 1927 „Afwaarts” (as M. Jacobs).
- 1927 „Admiraal Swartenhondt” (ûnder pseudonym M. van der Duin).
- 1928 „Opwaarts” (as M. Jacobs).
- 1928/29 „Ben Adam” (ferfolchferhaal „Timothetis”) (ûnder pseudonym M. Jacobs).
- 1928 „De mensch . . . . meester” (as M. Jacobs).
- 1929 „In het legioen” (as M. van der Duin).
- 1932 „Tierck Hiddes”, de Friesche admiraal (histoaryske roman, ûnder pseudonym M. van der Duin).
- 1934 "Tot arbeid geroepen"
- 1934 "De groote liefde"
- 1934 "De Godsgezant Frederik van Hallum, een voorlooper van Thomas a Kempis"
- 1936, "Het masker van Nippon"
- 1945, "Kappie Marie : een held uit de ondergrondsche beweging"
- 1947 "Onder de krijgsbanier"
- 1904 „Bastiaan, de Rotterdamsche straatjongen”.
- „Een schaap in ’s levens woestenij”.
- 1923 „Hoe Johann Schrill zijn Vriend vond” (as Petrus Kruisman).
- Ferskaat
- 1930 „Voor honderd jaar” (histoaryske stúdzje yn „De Rotterdammer”), (as S. van Wouden).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |