It Minnemahûs of Minnemastins wie in stedsstins op de hoeke fan de Foarstreek en de Minnemastrjitte, yn Ljouwert.

Situaasje yn 2007
It Minnemahûs op in kaart út 1603

It boujier fan de oarspronklike stins is net bekend, mar wie mooglik al yn de 12e iuw. Neist de famyljes Cammingha en Burmania foarmen de Minnema’s it tredde autochtoane haadlingenlaach fan de stêd Ljouwert, alteast binnen de grêften. De Burmania’s behearsken Aldehou (Burmaniahûs) en de Cammingha’s wienen eigeners fan Hoek (Amelânhûs) en in grut stik fan it noardlike diel fan Nijehou (Camminghahûs 1 of Aed Levwerd en Julius van Gheelhûs). It territoarium fan de Minnema’s grinze oan it steedlik (hannels)sintrum op de súdlike terp fan Nijehou en oan de grutste transportrûtes nei it noarden (Dokkumer Ie) en easten (Flyt).

Yn 1406 wurdt in Minnema neamd dy't rjocht sprekt en yn 1442 is Sipko Minnema skepen fan de stêd. Yn 1500 is Frans Minnema âlderman; de heechste baas yn de stêd.

Yn de jierren 80 fan de 19e iuw waarden kape en souderflier sloopt, wêrnei't it pân in ferdjipping ferhege waard en in nije flak beëinige kape krige, sa riisde it hûs wer as fanâlds boppe de gebouwen der omhinne út. Nije finsters en in pleisterdekoraasje oer it hiele front joegen de bûtenkant in folslein 19e-iuwsk oansjen. It docht jin gjin nij dat it midsiuwske karakter net mear ûnderkend waard en it pân yn 1960 sûnder protest sloopt wurde koe.

Bewenners bewurkje seksje

  • famylje Minnema
  • 1442 Sipko Minnema
  • ein 15e iuw Frans Minnema
  • oant 1512 Tryn Liauckama, widdo Frans Minnema
  • 1512 - ? Luttzie Harinxma, widdo Schelte Liauckama
  • - 1579 Schelte fan Liauckama
  • 1579 - 1583 Jel fan Dekema
  • 1591 - 1615 Sicke fan Liauckama, bewenner syn sweager Schelte fan Aebinga
  • 1615 - 1618 Schelte fan Aebinga
  • 1618 - ? Gerlant fan Liauckama
  • 1650 fam. Van Scheltinga
  • ein 18e iuw Daniël de Blocq fan Haersma
  • ? - 1830 Wiskje fan Haersma
  • 1830 - ? Leendert Beugelaar

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden troch W. Eekhoff, 1846
  • Adelshuizen in Leeuwarden troch M.W. Meijer, 1980
  • Site fan Tresoar