Minnistetsjerke (Snits)
De Fermanje fan Snits wie in tsjerke fan 'e minnistegemeente yn 'e binnenstêd fan 'e stêd Snits. De tsjerke waard yn 2022 foar de tsjinsten sletten en wurdt ferboud ta apparteminten.
Minnistetsjerke (Snits) | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Snits | |
koördinaten | 53°1' N 5°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
ôfstjitten | 2022 | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | P.J. Rollema | |
boujier | 1842 | |
boustyl | neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 34067 | |
Kaart | ||
Bou
bewurkje seksjeDe fermanje is boud yn 1842 nei in ûntwerp fan P.J. Rollema. It gebou is oanwiisd as ryksmonumint. De tsjerke oan de Singel stiet net direkt oan de iepenbiere wei, mar wat ferskûle. Dat wie oant de 19e iuw faak sa foar tsjerkegebouwen fan leauwens- mienskippen dy't, lykas de mennisten, net ta de herfoarme tsjerke hearden.[1]
Yn 1972 wie der in grutte brân yn de tsjerke, de skea is folslein restaurearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeOan de foarkant sit in ymposante gevel mei rûnbôgefinsters, Doaryske pilasters, in fries en in trijehoekich gevelfjild. Yn de sydgevels sitte finsters yn spitsbôgefoarm. De binnenside fan de tsjerke hat in saneamde healrûne sluting mei oan de siden Korintyske pylders. Dy pylders drage in kroanlist dy't laat nei in flak plafond. De kânsel hat in neogoatyske foarm.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel út 1786 fan A. van Gruisen waard yn 1847 útwreide troch J.C. Schreuer. Dêrby waarden dielen fan it âlde oargel, lykas it piipwurk en it wynlaad, op 'e nij brûkt.[2]
By de restauraasje fan it oargel yn 1975 (dat wie needsaaklik troch de brân fan 1972) waard it oargel nei de sitewaasje fan 1847 werom brocht.[3]
Sluting
bewurkje seksjeFanwegen de hege kosten fan it gebou en it lege en tebekrinnnende oantal leden wie de gemeente yn 2022 twongen it gebou te ferkeapjen oan in bougroep. Yn 'e fermanje fan Snits wurde yn 2025 seis apparteminten boud ferdield oer trije ferdjippingen. Dochs bliuwe by it ynbouwen fan 'e apparteminten de muorren frij, sadat it stúkwurk net ferlern giet. Ek it poadium mei de tsjerkebanken bliuwt bestean. De oargelkas bliuwt ek, mar it ynstrumint sels ferdwynt. De oangrinzgjende Menno Simonsseal bliuwt foar de mennistegemeente beskikber foar tsjinsten.[4]
Literatuer
bewurkje seksjeJoute de Graaf: Jouw naam, een verhaal. De Doopsgezinde Kerk in Sneek.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|