Mitselwier-Súd
Mitselwier-súd is in gasfjild ûnder Ie yn de gemeente Dongeradiel.
It gasfjild waard ein 2011 ûntdutsen troch de NAM. It gasfjild, dat oanboarre is op in djipte fan 3932 meter, leit tusken dat by Mitselwier en dat ûnder Eastrum. Der wurdt rûsd dat der sa'n 4 miljard kubike meter gas sit. Dat betsjut dat it it grutste gasfjild op it fêstelân fan Nederlân is dat sûnt 1995 fûn is. It fjild wurdt (noch) wol klassifisearre as lyts gasfjild dêr't sa'n 2,5 miljoen húshâldings in jier op stoke kinne.