Moardnerij fan Piaśnica
De Moardnerij fan Piaśnica of it Bloedbad fan Piaśnica wie de earste systematyske nasjonaalsosjalistyske moardaksje yn it troch Nazy-Dútslân besette Europa.
De moardpartijen yn Piaśnica binne relatyf ûnbekend en dat hat neffens de Poalske skiedkundige Piotr M. Majewski te krijen mei it feit dat Piaśnica in Kasjûbysk doarp is: "It kommunistyske rezjym hie der fierder gjin belang by om der oer te praten. In soad slachtoffers wiene Dútsers en leden fan de Kasjûbyske minderheid en foar de kommunistyske skiedsskriuwing net belangryk om te betinken". Barbara Bojarska, dy't yn 'e jierren 1970 ûndersyk die nei de moardnerij, krige fan de feilichheidstsjinst de opdracht om har wurk net te pulbisearjen.
Sitewaasje
bewurkje seksjeNei de oanfal op Poalen op 1 septimber 1939 folge de anneksaasje fan de Frije Stêd Danzig troch it Dútske Ryksgebiet. Adolf Hitler beneamde de nasjonaalsosjalist Albert Forster ta it haad fan it boargerlik bestjoer en letter ta rykssteedhâlder. Forster wie sûnt 1923 lid fan de partij en wurdt as ien fan de haadferantwurdliken foar de moardpartijen beskôge, werby neffens skiedkundigen troch SS-ers en de Folksdútske Selsferdigening yn de bosken om it doarp Wielka Piaśnica tusken de 10.000 en 13.000/14.000 minsken deade waarden. Hy wie in tige ambitieus man en wie der grutsk op om as earste goalieder Hitler te rapportearjen dat syn goa net allinne frij fan joaden mar ek nochris frij fan Poalen wie.
Ta neitins fan de moardnerij stiet in tolve meter heech monumint oan de haadstrjitte tusken Wejherowo (Neustadt in Westpreußen) en Krokowa (Krockow).
Slachtoffers
bewurkje seksjeDe nasjonaalsosjalisten makken fan de gaos yn de earste oarlochsdagen gebrûk om in rige fan moardaksjes yn 'e bosken fan Piaśnica út te fieren. Under de slachtoffers wiene njonken de Poalske en Kasjûbyske yntelligintsia ek pasjinten út Dútske en Poalske psychiatrykliniken en deportearre minsken út it Ryksgebiet.
Ferneatiging fan yntelliginsje
bewurkje seksjePoalen en Kasjûben hearden ta de earste slachtoffers. De Poalske histoarikus Piotr M. Majewski rûsde it tal leden fan de Kasjûbyske minderheid op likernôch 2.000. Fanatike Folksdútsers, dy't harrensels yn 'e Folksdútske Selsferdigening organiseare hiene, hiene al foar it útbrekken fan de oarloch listen mei nammen gearstald, dy't begjin septimber 1939 oan de Gestapo en de SS oerlange waarden. Op dy listen stiene de nammen fan buorlju, leararen, preesters, boargemasters, keapmannen, rjochters, keunstners ensafuorthinne. Nei de ynfal fan de Wehrmacht waarden de manlju en froulju op dy listen yn Gdingen (Gdynia) en Danzig (Gdańsk) oppakt en yn 'e finzenis fan Wejherowo (Neustadt in Westpreußen) fêstset. Fan dêr wei brocht de SS de finzenen yn sletten frachtweinen nei it bosk fan Piaśnica om se dêr te fermoardzjen.
Moard op pasjinten
bewurkje seksjeYn 'e bosk fan Szpęgawsk (Spengawsken), by Starogard Gdański, súd fan Danzig, fermoarde de SS likernôch 2.000 Poalske pasjinten fan it gesticht Konradstein. Oare psychiatryske pasjinten út ynstellings fan Stralsund, Stettin (Szczecin), Treptow an der Rega (Trzebiatów), Ueckermünde, Lauenburg in Pommern (Lębork) en Meseritz (Międzyrzecz) waarden yn 'e bosk fan Piaśnica fermoarde. De pasjinten waarden earst by inoar brocht yn 'e ynrjochting fan Stralsund en yn novimber en desimber deportearre. Yn teminsten 10 transporten waarden 1.285 pasjinten fuort nei harren oankomst op it stasjon fan Wejherowo yn 'e bosk troch SS-ers deasketten.
Poalske oarlochsfinzenen fan it konsintraasjekamp Stutthof moasten de liken begrave en waarden dêrnei sels ek op befel fan Kurt Eimann (1899-1980) deasketten.
Deportearre slachtoffers út it Ryksgebiet
bewurkje seksjeDe út it Ryksgebiet ôfkomstige deportearren wie de grutste groep slachtoffers. It wiene anty-faksisten, joaden, Dútsers mei Poalske en Tsjechyske woartels of Poalen dy't as lânarbeider yn Dútslân wenne hiene. Hja moasten harren koffers fuort by it stasjon ynleverje foardat de SS har yn de frachtweinen nei de bosken fan Piaśnica brocht om se dêr del te sjitten. Aldere bern waarden al op it stasjon by de famyljes weihelle. Neffens de Poalske skiedkundige Barbara Bojarska mochten de memmen allinne de poppen by har hâlde en it geraas fan de ferwezen memmen wie oan yn 'e strjitten fan de stêd te hearren.
It wiskjen fan 'e misdied
bewurkje seksjeMeiïnoar wurdt it tal slachtoffers op 10.000 oant 13.00/14.000 rûsd. It krekte tal is hiel dreech nei te gean. By it naderjen fan it Reade Leger tsjin it ein fan augustus 1944 twongen de Dútsers konsintraasjekampbewenners út Stutthoff de liken op te graven en te ferbaarnen. Doe't nei hast sân wiken bodzjen de finzenen klear wiene waarden ek hja deasketten. It besykjen fan de Dútsers om alle spoaren te wiskjen mislearre en in kommisje, dy't it plak yn 'e hjerst fan 1946 ûndersocht, fûn de oerbliuwsels fan 30 massagrêven. Yn twa fan dy massagrêven leine noch minsken dy't net ferbaarnd binne. Fan alle slachtoffers binne likenrôch 500 minsken idintifisearre.
Dieders
bewurkje seksjeDe histoarikus Piotr M. Majewski tocht dat by alle moarden likernôch 40 oant 50 dieders belusten wiene: leden fan de SS út Danzig en fan de Folksdútske Selsferdigening, dat wol sizze lokale Dútsers. By it proses tsjin Albert Forster yn Gdańsk tsjûgen minsken dat beskonken Gestapo-malju op preesters skeaten, dy't hja earder yn 'e beammen ophongen, en op healbedobbe minsken dy't harren besochten út te graven. Allinne al op 11 novimber 1939 waarden 300 minsken fermoarde. Forster waard yn april 1948 troch it Poalske Nasjonale Hegegerjochtshôf ta de dea feroardiele en yn febrewaris 1952 nei in ôfwiisd graasjefersyk ophongen.
Ludolf von Alvensleben wie fan 9 septimber oant 22 novimber 1939 haad fan de Folksdútske Selsferdigening yn West-Prusen. Hy wist lykwols as Britske kriichsfinzene te ûntkommen en flechte nei Argentynje en waard nea ferfolge.
Kurt Eimann, de man dy't as foarbyld fakentiden it earste slachtoffer deaskeat om sa as rolmodel foar syn manlju te funksjonearjen, waard op 20 desimber 1968 troch de regionale rjochtbank fan Hannover feroardiele ta fjouwer jier finzenis foar de moard op 1.200 minsken. Hy siet lykwols mar twa jier út.
De Kasjûbyske fotograaf en lokale histoarikus Edmund Kaminski, dy't de moardnerij yn Piaśnica wiidweidich dokumintearre, sei dat de nammen fan de lokale dieders bekend binne. Guon flechten nei Dútslân, mar waarden nea foar it rjocht brocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|