Stjerrestelsel

Wikimedia-betsjuttingsside
(Trochferwiisd fan Molkenpaadstelsel)

In stjerrestelsel (soms ek molkeweistelsel) is in grutte samling stjerren dy't troch de eigen swiertekrêft by elkoar hâlden wurdt.

In aairûn stjerrestelsel yn de kluster Abell S740 mids ferskate typen stjerrestelsels

De diameter fan de measte stjerrestelsels is tusken 3000 en 300.000 ljochtjier. It oantal stjerren farieart fan 108 yn dwerchstelsels tot 1014 yn reuzestelsels.

Yn elk stjerrestelsel is ek gas, stof en (fermoedlik) foar it meastepart dûnkere matearje en dûnkere enerzjy oanwêzich. De stjerren, it gas en de stof kinne waarnomd wurde. Dûnkere matearje is noch net direkt waarnomd mar wierskynlik oanwêzich omdat it de ferdieling en beweging fan de oare trije ferklearret.

Neffens de lêste berekkenings telt it hielal minstens twa biljoen stjerrestelsels.[1]

  • stjerrestelsel (molkewei), in stelsel besteande út in grut tal ferskillende sinnestelsels
  • sinnestelsel, in stelsel besteande út ien of inkele stjerren (binêre stjer, trinêre stjer), mooglik mei ien of mear planeten deromhinne

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Onderzoekers tellen minstens 2 biljoen sterrenstelsels in het heelal, op webside: NOS nieuws