Roede (mjitte)
(Trochferwiisd fan Mollen (lingtemjitte))
In roede, ek wol jerd of mollen, is oer it algemien in lingtemjitte. By strookferkaveling wurdt it ek as breedtemjitte brûkt.
De lingte fan in roede wie net oeral lyk, dy koe per plak ferskille. De krekte mjitte wie dan wol oanjûn op de tsjerkemuorre. De meast bekende wie de keningsroede dy't yn 1813 steld wie op 3,91278 meter. In dyksroede wie yn Wûnseradiels Suder Seediken 4,736 meter of 12 dyksfuotten, ± 16 Fryske houtfuotten.
De kante roede hat as flaktemjitte de âldere lânmjitten net ferdriuwe kind.
Neffens it yn 1820 ynfierde Nederlânsk metryk stelsel wie in roede gelyk oan 10 meter. Yn 1937 waard de roede as offisjele mjitte foar altyd ôfskaft.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - roede
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|