Monreal is in skildereftich stedsje yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn de lânkring Mayen-Koblenz en falt ûnder de ferbânsgemeente Vordereifel.

Monreal
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 757 (31-12-2020)
Oerflak 14,65 km²
Befolkingstichtens 52 / km²
Hichte 300 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside monrealeifel.de

It plak komt foar it earst foar op in oarkoande as Cunisberch (Keningsberch). Yn de 13e iuw ferfrânsken de greven fan Virneburg it plak troch it de namme Monroial (fan Mont Royal) te jaan, werút it hjoeddeiske Monreal ûntstie. Monreal krige yn 1306 stedsrjochten en alle moandeis mocht Monreal in grutte merk organisearje. De boargen fan Monreal waarden waarden yn 1632 yn de Tritichjierrige Kriich troch Sweedske troepen en yn 1689 yn de Paltske Súksesjekriich troch Frânske troepen ferneatige. De grutte keppels skiep op de Eifel makke nei de Tritichjierrige Kriich in grutte bloei fan de tekstylyndustry mooglik. In soad fakwurkhûzen tsjûgje tsjintwurdich noch fan de wolstân fan dy tiid. De ynternasjonale konkurrinsje makke yn de 19e iuw in ein oan de yndustry en sûnt ferearme Monreal, oant yn de jierren 1930 de toeristenyndustry ynteresse krige foar Monreal.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De ruïnes fan de Löwen- en Philippsburg (Liuwe- en Filipsboarch)
  • De roomske Dreifaltigkeitskirche (Trije-ienheidstsjerke)
  • It Viergiebelhaus (Fjouwergevelhûs) fan 1452 (restaurearre yn 2004)
  • De hiele kearn fan Monreal mei in soad 15e- oant 18e-iuwske fakwurkhûzen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Monreal