Montessori-metoade

(Trochferwiisd fan Montessori metoade)

Maria Montessori ûntwikkele har ûnderwiismetoade tusken 1898 en 1904, doe't sy wurke as dokter foar swaksinnige bern. Yn dizze perioade publisearre sy har earste boek, 'Pedagogische Antropologie'. Letter, nei 1907, paste sy har ideeën ta yn in earmoedige wyk fan Rome. De resultaten wienen goed; besikers oer de hiele wrâld kamen te sjen. De troch Maria Montessori ûntwikkele metoade wie sà goed dat pjutten oerenlang konsentrearre oan it wurk bliuwe koenen. Har twadde boek, Il metodo della pedagogia scientifica (yn it Nederlânsk oerset as De methode Montessori), kaam út yn 1909. Yn dat boek beskriuwt sy har wurkwize.

De kearnpunten fan de metoade.

bewurkje seksje

It metodologyske útgongspunt fan Maria Montessori hat it folgjende west: Alle kennis fan bliuwende wearde foar teory en praktyk fan de opfieding moat berêste op gegevens dy't ferkrigen binne troch it mjitten en fergelykjen fan grutte oantallen bern. Mei dit mjitten en fergelykjen bedoelde sy net in momintopname, mar in trochgeande observaasje fan it bern yn syn hiele ûntwikkeling. Sa kaam sy op har fisy op it bern en de ûntwikkeling.

 
Montessori-ûntwikkelingsmateriaal

Elk bern is aktyf en net passyf. Aktiviteit is kenmerkend foar 'libben' en dus oan it bern. In bern is nijsgjirrich en learderich en hat fan natuere in drang om te witten. In bern wurdt net allinnich troch it fermidden foarme - ûntwikkeling is in proses wêroan't it bern sels meidocht.

Yn de earste libbensjierren sit der in grutte enerzjy en aksjedrang yn it bern. Fanút harren sels wurdt it motivearre om har te ûntwikkeljen, om te learen. Dat komt nei foaren yn de spontane belangstelling fan bern. De ûnderwerpen fan dy belangstelling ferskille per bern en feroarje mei ferrin fan ferskillende fazen. Dit betsjut dat bern koartere of langere perioaden ûntfanklik binne foar in leargebiet. Als it bern yn sa'n gefoelige perioade sit, is it by steat om op dat momint tige yntinsyf te learen. It is de taak en de deskundigens fan de learkrêft om op dizze gefoelige perioaden goed te reagearjen, troch it goede materiaal yn it goede fermidden oan te bieden.

 
Montessori-ûntwikkelingsmateriaal

Bern ferskille wêzentlik fan folwoeksenen. Se binne gjin lytse folwoeksenen, mar se hawwe harren eigen kenmerken en behoeften. De befrediging fan dy behoeften en kenmerken binne yn de alderearste libbensfaze fan grut belang foar de lettere ûntwikkeling.

Heterogene groepen

bewurkje seksje

Yn in montessori-klasse sitte altyd trije leeftydsgroepen troch elkoar hinne. Dit is belangryk foar in goede ûntwikkeling. Ek yn in húshâlding is in bern altyd mids âldere of jongere bern. It jout de bern kans har te spegeljen oan oare bern. Elk bern is yn in perioade de jongste, de middelste en de âldste.

Learlingen wurkje allinnich of yn lytste groepkes oan materiaal dat sysels oan it begjin fan 'e dei keazen hawwe. Dit materiaal is oarspronklik fanút wittenskiplike observaasjes troch Maria Montessori betocht. Letter is in soad materiaal makke troch learkrêften dy't de metoade brûkten. De learkrêft observearret de aktiviteiten fan de bern om der achter te kommen wat op dat momint harren behoefte is. De learkrêft kin dan materiaal oanrikke.

It montessorimateriaal

bewurkje seksje
 
Montessori-ûntwikkelingsmateriaal

It montessori-materiaal is troch Maria Montessori betocht. It is ûntwikkelingsmateriaal dat oan spesifike hege easken foldwaan moat. Ien fande skaaimerken fan Montesorimateriaal is dat in bern fernimme kin dat it eat net goed tocht. It is dus selskorrizjearjend. Dêrneist is it materiaal sa makke dat hieltiten ien eigenskip sintraal stiet. Lykas tellen of rôljen. Alle montessori-materiaal is makke fan natuerlike materialen.