Mosier (Oregon)
Mosier is in plak (city) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 468 ynwenners.
Mosier | ||
![]() | ||
Lokaasje fan Mossier yn Wasco County en Oregon | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Wasco County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 468 (2020)[1] | |
Oerflak | 1,64 km² (ynkl. wetter) 1,18 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 396,12/ km² | |
Hichte | 50 m | |
Oar | ||
Stifting | 1854 1914 incorporated | |
Postkoade | 97040 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 45° 41' 01" N 120° 23' 47" W | |
![]() | ||
Third Avenue yn Mosier | ||
Offisjele webside | ||
www.cityofmosier.com | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeMosier waard yn 1854 stifte en waard yn 1914 offisjeel in gemeente (city). It hjoeddeistige postkantoar wie eartiids in bank en hat noch hieltyd de orizjinele klús. De skoalle fan Mossier waard yn 1920 boud en wie oant 1963 in selsstannige skoalle doe't it part waard fan it Chenowith School District. Yn 2003 waard de skoalle fannijs selsstannich as in charter school.
Geografy
bewurkje seksjeMosier leit oan de rivier de Kolumbia, 19 km westlik fan The Dalles en 115 km eastlik fan Portland. De Interstate 84 fan Portland nei The Dalles rint bylâns it plak. It plak leit yn de Kolumbia-kleau dy't troch it Cascadesberchtme rint. It eilân Eighteenmile Island yn de Kolumbia leit krapoan in kilometer de stream del fan it plak.
Klimaat
bewurkje seksjeIt plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed temperatueren net boppe de 22 °C. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen hat Mosier in waarm mediterraan klimaat, Csb.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens de folkstelling fan 2010 wennen der 433 minsken, 203 hûshâldings e 107 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 90,1% blanken, 0,2% swarten, 2,3% yndianen, 1,2% Aziaten, 0,7% Pasifisyske Eilanners, 4,2% fan oare rassen en 1,4% fan mingde rassen. Etnysk sjoen foarmen Hispanics 22,4% fan de befolking.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Mosier út 'e loft wei sjoen
-
De Kolumbia-kleau sjoen út Mosier wei
-
In bus yn de heuvels by Mosier
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mosier, Oregon fan Wikimedia Commons. |