Museum De Koloniehof
Museum De Koloniehof is in museum yn Frederiksoord.
It museum De Koloniehof is in herinneringsmuseum oan it wurk fan de Maatskippij fan Woldiedichheid, dy't yn de earste helte fan de 19e iuw yn it ramt fan de earmoedebestriding meardere koloanjes yn it destiidske Feriene Keninkryk fan de Nederlannen stichte.
It museum is yn 1993 oprjochte by gelegenheid fan it 175-jierrich bestean fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. Yn it museum wurdt de skiednis fan it ûntstean fan de koloanjes yn Drinte en Oerisel en it libben fan de kolonisten toand. Nei de Frânske tiid wie Nederlân tige ferearme. De stichter fan de Maatskippij fan Woldiedichheid, Johannes van den Bosch, besocht de earmoede te bestriden troch op grutte skeal earme minsken út de stêd oer te bringen nei noch net ûntgûne gebieten yn ûnder mear Drinte en Oerisel. troch elke kolonist in wenning te bieden, in stik grûn fan 3 hektare en wat fee soenen se yn harren eigen libbensûnderhâld foarsjen kinne. Begûn waard yn 1818 mei in proefkoloanje yn Frederiksoord.
Middels in diafoarstelling, in permaninte tentoanstelling, lesmateriaal en in koloanjehúske op it museumterrein mei in byhearrende ikker wurdt it deistige bestean fan de kolonisten yn ûnder mear it Drintske Frederiksoord, Boschoord en Wilhelminaoord en it Oeriselske Willemsoard ynsichtlik makke. Op de ikker wurde de gewaaksen út de tiid fan de kolonisten ferboud, ûnder oare tarwe, rogge, hjouwer, garst, spelt, tabak en himp.
Besikers fan it museum kinne it kompjûterbestân ynsjen oft foarâlden kolonist west hawwe yn ien fan de koloanjes fan de Maatskippij fan Woldiedichheid.
Yn de omjouwng fan it museum herinnerje noch in soad bouwurken, wêrûnder ferskate yn takt bleaune kolonistewenningen, oan de ûntsteansskiednis fan de koloanjes fan Woldiedichheid.