Museum Hert fan Fryslân

Museum Hert fan Fryslân (foarhinne: Museum De Trije Gritenijen) wie in streekmuseum yn Grou.

It museum begûn as gemeentemuseum oan de Stasjonswei yn in diel fan de ûnderferdjipping fan it âlde riedhûs fan Idaarderadiel út 1942. Nei in grutte skinking dy't romte foar útstalling easke waard tn 1956 de Stifting Gemeentemuseum oprjochte.

Begjin 2012 gie it museum ticht om't it âlde gemeentehûs ferkocht wie oan in notariskantoar, dat it gebou restaurearje liet. De lêste tentoanstelling hie merklapen as tema ûnder de titel 'Stekje foar Stekje'. Yn 2013 waard it museum as fernijd museum Hert fan Fryslân iepene yn itselde gebou dêr't ek it notariskantoar is.

It museum moast yn 2020 de doarren foar it publyk slute nei't de hûsfêsting langer net om 'e nocht wie en der finansjele soargen ûntstiene. Der wurdt hope op in weriepening fan it museum yn in nij, takomstich multyfunksjoneel sintrum fan Grou.[1]

De kolleksje omfieme in oersjoch fan sa'n achttjin doarpen yn Boarnsterhim. Boarnsterhim is ûntstien út de trije gritenijen Idaarderadiel, Raarderhim en Utingeradiel.

Spesjaal omtinken waard jûn oan:

  • De bruorren Halbertsma en harren betsjutting foar de Fryske Taal- en letterkunde en de ekonomy fan Grou (Idaarderadielseal).
  • Kolleksje sulver, goud en diggelguod.

Dêrneist wiene der wikseljende eksposysjes yn de Utingeradielseal en waarden der kuierrûtes foar groepen troch it doarp Grou útset. Ek de bining mei it wetter wie in weromkommend tema.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: