Benito Mussolini

(Trochferwiisd fan Mussolini)

Benito Amilcare Andrea Mussolini bynamme "Il Duce", (29 july 1883 - 28 april 1945), wie de minister-presidint en diktator fan Itaalje fan 1922 oant 1943, doe't er ôfset waard. Hy hat in faksistysk rezjym opset dat nasjonalisme, militarisme, anty-liberalisme en anty-kommunisme kombinearre mei sensuer en propaganda.

Mussolini om 1930 hinne
Fan l. nei rj. de libbenleaze lichems fan 'e eardere kommunistyske politikus Nicola Bombacci, Benito Mussolini, syn trouwe leafste Clara Petacci, minister Alessandro Pavolini en de ferneamde faksistyske politikus Achille Starace, útstald op' e Plaza Loreto yn Milaan yn 1945

Mussolini wie ôfkomstich út in revolúsjonêr sosjalistysk miljeu. Hy wie lid fan de Italjaanske sosjalistyske partij, mar waard om syn rjochtse ideeën yn 1914 út de partij setten. Nei 1918 rjochtet hy de faksistyske partij yn Itaalje op. Profitearjend fan de nei-oarlochske situaasje, slagget it Mussolini om nei de saneamde Mars nei Rome (28 oktober 1922) ta premier kieze te wurden (31 oktober 1922). It soe noch oant juny 1924 duorje ear't hy diktatoriale macht ferkriget troch de swiere krisis dy't folge op de moard op Matteotti.

 
Mussolini by de mars nei Rome

Hy brûkt dizze macht foar útskeakeljen fan syn politike tsjinstanners en in yngeande wiziging fan it Italjaansk grûnwettich systeem. De ynfiering fan in protte sosjale maatregels en grutte ûntginnings (û.o. de Pontyske sompen) joegen him in soad prestiizje by it Italjaanske folk.

Mussolini wie allieard mei it Dútslân fan Adolf Hitler, op wa't er ynfloed hie. Itaalje die fan juny 1940 ôf mei oan de Twadde Wrâldkriich, wat trije jier letter late ta de ynfaazje fan Itaalje troch de Alliearden. Omdat Itaalje amperoan sukses hie yn de kriich kaam Mussolini nei in ynterne krisis yn konflikt mei de Italjaanske kening dy't "Il Duce" op 25 july 1943 finzen setten lit. Twa moannen letter waard hy troch Dútske parasjutisten befrije.

Yn Noard-Itaalje besiket Mussolini mei help fan de Dútsers yn de "Sosjale Republyk" fierder te regearen. Yn april 1945 at de Alliearden hieltyd tichterby komme besocht Mussolini nei it troch de Dútsers besette Eastenryk te flechtsjen, mar hy waard finzen naam en fermoarde troch kommunistyske partisanen yn de omkriten fan de Komomar.

Fierder lêze

bewurkje seksje
  • De Felice, Renzo: Mussolini il rivoluzionario: 1883-1920, útj. Einaudi 1995
  • De Felice, Renzo: Mussolini l'alleato, 1940-1945, útj. Einaudi
  • Mack Smith, Denis: Mussolini. A biography, New York 1982
  • Whittam, John: Fascist Italy, Manchester 1995