Myra Ward
Myra Ward pseudonym fan Myra Sijrier (Tegelen, 23 augustus 1916 - De Haach, 26 juny 1990) wie in Nederlânsk aktrise.
Myra Ward | ||
akteur | ||
Myra Ward en Bert van der Linden (1961) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Myra Sijrier | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 augustus 1916 | |
berteplak | Tegelen | |
stoarn | 26 juny 1990 | |
stjerplak | De Haach | |
jierren aktyf | 1935-1990 |
Biografy
bewurkje seksjeWard waard berne as Myra Sijrier, dochter fan Wilhelmina Louisa Lippens en Willem Hendrik Ward Sijrier, dy't akteur wie yn de Feriene Steaten ûnder de namme Walter Ward. Ward wie de efternamme fan syn mem Catharina. Doe't Myra oan it toaniel gie brûkte se lykas har heit ek beppe har fan.
Ward spile al mei tolve jier har earste toanielrollen. Teffens trede se op yn ballet en by de Fritz Hirsch Operette. Yn 1935 debutearre hja by it Rotterdamsch Hofstad Tooneel fan Cor van der Lugt Melsert yn De Haach. Sy wie troud mei Louis de Bree fan 1941 oant en mei 1949.[1] By it Rotterdamsch Hofstad Tooneel krige se kunde oan har twadde man Paul Steenbergen; sy boasken op 2 oktober 1950). Fan 1946 oant 1949 siet se yn it selskip fan Cor Ruys. Fan 1949 ôf oan wie se ferbûn oan de Haagse Comedie. Se wûn de Theo d'Or yn 1957, de toanielpriis foar de bêste frouljus haadrol. Yn 1973 gie hja tegearre mei har man by de Haachske Komedy wei.
Toaniel
bewurkje seksjeWard spile yn in protte toanielstikken, ûnder oaren yn Trijntje Cornelis fan Constantijn Huygens, De eerbiedige lichtekooi fan Jean-Paul Sartre, Moortje fan Bredero, Dylan Thomas fan Sidney Michaels, Mooi weer vandaag fan David Storey, Alles over Liefde fan Arthur Schnitzler.
Sy waard trijeris keazen ta bêste aktrise:
- 1955-1956 yn Requim voor een non (Sanctuary) fan William Faulkner foar har rol fan Temple Drake
- 1957-1958 yn De goede mens van Sezuan (Der gute Mensch von Sezuan) fan Bertolt Brecht foar har rol fan Shen-Te
- 1959-1960 yn Principes (Das Prinzip) fan Hermann Bahr foar har rol fan Lene Kuk
Film
bewurkje seksjeRadio
bewurkje seksjeSy die ek mei oan In Holland staat een huis, it populêre harkspul út de jierren fyftich fan Annie M.G. Schmidt. Sy die de stim fan Dorry, de freondinne fan Rob Doorsnee. Teffens spriek se foar de NCRV in rige mearkes yn dy't útstjoerd waarden ûnder de titel Op bezoek bij Moeder de Gans.
Ferskaat
bewurkje seksje- Har famyljenamme Sijrier wurdt yn offisjele stikken soms as Syrier skreaun.
- Ward har pake, yr. Leonard Sijrier (13 jannewaris 1851 yn Tegelen), wie fan 1911 ôf mei-eigner fan de earste Limburchske tramline Venlo-Tegelen-Steyl.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat |