De Myrtoaanske See of Myrtoöanske See (Gryksk: Mυρτώο Πέλαγος, Myrtöo Pelagos), is dat part fan 'e Egeyske See en de Middellânske See, dat tusken de Grykske eilannegroep fan 'e Sykladen en it skiereilân fan 'e Peloponnesos, dat ûnderdiel útmakket fan it Grykske fêstelân, yn leit. It wurdt begrinzge troch it eilân Euboea en it skiereilân Attika yn it noarden, de Sykladen yn it easten, en de Peloponnesos yn it westen. Yn 'e Myrtoaanske See lizze û.m. de (Grykske) eilannen Salamis, Egina, Keä, Kythnos, Serifos, Sifnos, Kimolos, Milos, Paros, Ios en Santoriny. Yn it noardwesten meitsje de Golf fan Egina, tusken Attika en it Peloponnezyske skiereilân Argoalis, en de Argoalyske Golf, tusken Argoalis en de rest fan 'e Peloponnesos, diel út fan 'e Myrtoaanske See. De wichtichste havenstêd oan 'e Myrtoaanske See is Pireüs, dat as haven foar de Grykske haadstêd Atene fungearret.

Myrtoaanske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken de Sykladen en it skiereilân
de Peloponnesos yn
lân Grikelân
koördinaten 37°N 24°E
ûnderdiel fan Egeyske See

Der besteane ferskate teoryen oer de oarsprong fan 'e namme fan 'e Myrtoaanske See. Neffens ien ferhaal soe dy weromgean op 'e held Myrtilus, út 'e Grykske mytology, dy't yn 'e see smiten waard troch de breinroere Spartaaanske kening Pelops. Ek is de namme wol ferbûn mei dy fan 'e faam Myrto, in oar personaazje út 'e Grykske myten. In trêde teory is dat de see ferneamd is nei it lytse eilantsje Myrtos.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Saundry, Peter; Hogan, C. Michael; en Baum, Steve, Sea of Crete, yn: Pidwirny, M. en Cleveland, C.J. (red.), Encyclopedia of Earth, Washington, D.C., 2011 (National Council for Science and Environment).