Naches (Washington)

Naches is in plak (town) yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 795. It plak leit 21 km noardwestlik fan Yakima. Rykswei 12 rint troch it doarp hinne. Ek de rivier de Naches rint by it doarp lâns. Naches wurdt wol de Poarte fan de Cascades neamd en leit tsjin it beboske gebiet fan it Cascadesberchtme oan. De namme fan it doarp stamt fan it yndiaanske wurd Natchez dat 'rûch, wyld rinnend wetter', sa't de rivier de Naches docht, betsjut.

Naches
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Yakima County
Sifers
Ynwennertal 795 (2010)
Oerflak 1,79 km²
Befolkingsticht. 444,9 /km²
Hichte 449 m
Oar
Stifting 1878
Postkoade 98929, 98937
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
[1]

De earste bewenners fan Jeropeesk komôf, strutsen hjir yn 1878 del en wiene benammen feeboeren, fan skiep, molke- en fleiskij. It doarp waard offisjeel in gemeente (incorporated) yn 1922. Hjoeddedei binne der in soad fruithôven mei parren, pjisken, apels en druven. Oant 2006 wie der ek in houtseachmûne yn it doarp, fanwege it tichteby wêzen fan de bosk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje