Yakima County (Washington)

Yakima County is in county yn it suden fan de Amerikaanske steat Washington. Hy is neamd nei de Yakama-Yndianen. Mei in oerflak fan 11.170 km2, wêrfan 39 km2 wetter, is it de twadde county in de steat. Neffens de folkstelling fan 2010 wiene der likernôch 243.231 ynwenners. De haadstêd hat deselde namme, Yakima.

Yakima County (Washington)
Yakima County yn de steat Washington
Yakima County yn de steat Washington
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
Sifers
Ynwennertal 247.000 (2012)
Oerflak 11.168 km² (ynkl. wetter)
11.127 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 21,8 / km²
Oar
Stifting 1865
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.yakimacounty.us
Switzer's Operagebou yn sintrum fan Yakima
Mount Adams, heechste punt fan Yakima County
Hôven ûnder Selah

De county grinzet yn it noarden oan Kittitas County, yn it noardeasten, wêr't de rivier de Kolumbia de grins foarmet mei Grant County, yn it easten mei Benton County, yn it suden mei Klickitat County, yn it súdwesten mei Skamania County, yn it westen mei Lewis County en yn it noardwesten mei Pierce County. De county waard stifte op 21 jannewaris 1865 en is foarme út it eardere Ferguson County, dat op syn beurt 23 jannewaris 1863 út Walla Walla County foarme is.

De Yakama-reservaat is it op 14 nei grutste reservaat yn de Feriene Steaten hat in oerflak fan 4074 km² en befettet 39 % fan it grûngebiet fan de county. It hie in ynwennertal fan 31.799 yn 2000 en de grutste stêd is Toppenish.

It heechste punt is Mount Adams mei in hichte fan 3743 m. Dizze berch is ûnderdiel fan it Cascades berchtme. Oare hichtes binne Gilbert Peak (2494 m), Mount Aix (2367 m), Tieton Peak (2354 m) en hichterêgen lykas de Rattlesnake en Horseheaven Hills. Wichtige rivieren dy't troch de county rinne binne de Kolumbia, Yakima en Naches.

De wichtichste diken binne:

Yakima County hat in ryk ferskaat yn lânbou. De wynbou is de grutste. Washington is nei Kalifornje de grutste wynprodusint yn de FS en de Yakima Fallei is de grutste en âldste wynstreek yn de steat. Oare boarnen fan lânbou binne drúvebou, hop, kjersen, apels, ierdappels, munt, weet, mais, hea, molkfee en fleisfee. Benammen yn de Yakima Fallei, in delling fan de rivier de Yakima is tige fruchtber.

Neffens de folkstelling fan 2000 wiene der 222.581 ynwenners yn de county. De befolkingstichtens wie 20/km². Der wiene 79.174 wentes. Der wennen 65.60% blanken, 0,97% Afro-Amerikanen, 4,48% yndianen, 0,95% Aziaten, 0,09% Pasifysk Eilanners, 24,43% fan oare rassen en 3,48% mjukste rassen. Etnysk wennen der 35,90% Hispanics of Latino's. It gemiddelde húshâld ynkommen wie $34.828. Sa'n 19,7% libbe ûnder de earmoed grins.

Plakken yn Yakima County binne (Census-Recognized):

Oare plakken of buorskippen (Census-Designated Places) binne:

  • William Denison Lyman, History of the Yakima Valley, Washington: Comprising Yakima, Kittitas, and Benton Counties. In Two Volumes. Chicago: S.J. Clarke Publishing Co., 1919. Volume 1 | Volume 2

Keppeling om utens

bewurkje seksje