Kittitas County (Washington)
Kittitas County is in county yn it midden fan de steat Washington, Feriene Steaten. De haadstêd is Ellensburg en hat in oerflak fan 6042 km², wêrfan 93 km² wetter. De county hie yn 2012 neffens in rûzing 41.672 ynwenners, dus in befolkingstichtens fan 6,8 ynwenners/km². De county is neamd nei de yndianestam fan de Kittitas. De namme betsjut sokssawat as 'wite kryt' oant 'skealjestien' oant 'sânbank minsken' oant 'lân fan in soad'. Men wit net wis, mar alle fertalings hawwe in soarte wurdichheid yn harren.
Kittitas County (Washington) | ||
Kittitas County yn de steat Washington | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 41.672 (2012) | |
Oerflak | 6042 km² (ynkl. wetter) 5949 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 6,8 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1883 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
www.co.kittitas.wa.us |
De county grinzet yn it noarden oan Chelan County, yn it noardeasten oan Douglas County, yn it easten wêr de rivier de Kolumbia de grins foarmet mei Grant County, yn it suden oan Yakima County, yn it súdwesten oan Pierce County en yn it westen oan King County.
De county waard yn 1884 foarme út Yakima County.
Geografy
bewurkje seksjeIt heechste punt is Mount Daniel (2642 m) op de grins fan Kittitas en King county's yn it Cascades berchtme. Dit berchtme rint fan noard nei súd en beslacht it westen fan de county. Oare hichtes binne de Wenatchee bergen yn it noarden en de Manastash Ridge heuvelrige yn it suden. Hjir tusken yn leit de Kittitas Fallei, in delling wêr de measte plakken lizze en in frjochtber gea is foar lânbougewoeksen. In protte healân is hjir, wêr benammen luserne en timotee ferboud wurde foar de útfier nei benammen lannen om de Grutte Oseaan hinne. Lânbou wurdt mooglik makke troch yrrigaasje, wêr wetter fan de rivier de Yakima fia groeven yrrigaasje sleatten nei it lân ferfieren wurde. Mynbou en houtseagerijen wiene yn it Cascades berchtme yn it begjin fan de 20e iuw in boarne fan ynkommen.
Wichtige rivieren binne:
Wichtige diken binne de rykswegen:
Demografy
bewurkje seksjeNeffens de folkstelling fan 2000 wennen der 33.362 minsken mei in befolkingstichtens fan 6/km². Der wiene 16.475 wentes. Der wennen 91,77% blanken, 0,71% swarten, 0,91% yndianen, 2,19% Aziaten, 0,15% Pasifysk Eilanners. Etnysk wie 5% Hispanic of Latino. 93,2% hie Ingelsk en 4,5% hie Spaansk as memmetaal. Der wennen 13.382 húshâldings, wêrfan 26,2% bern hie ûnder 18 jier. 21,6% fan de befolking wie ûnder 18 jier en 11,6% âlder as 65 jier. It trochsneed húshâld ynkommen wie $32.546 en 15,6% libbe ûnder de earmoedgrins.
Plakken
bewurkje seksjeStêden binne (ynwennertallen fan 2012):
- Ellensburg (18.348)
- Cle Elum (1890)
- Kittitas (1429)
- Roslyn (900)
- South Cle Elum (536)
Oare plakken (Census-designated):
- Easton (478)
- Snoqualmie Pass (311)
- Ronald (308)
- Thorp (240)
- Vantage (74)
Oare gemeentefrije plakken: