Cle Elum (Washington)

Cle Elum is in plak (city) yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 telde it plak 1872 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing 1890. It plak leit yn it Cascades berchtme. De bynamme Hert fan de Cascades seit it al. It plak leit oan rykswei Interstate 90. It leit 37 km noardwestlik fan Ellensburg en sa'n 130 km eastlik fan Seattle. De rivier de Cle Elum rint ek troch it plak hinne. It plak is populêr foar kampearders en bûtendoar aktiviteiten, benammen fan minsken út Seattle.

Cle Elum
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Kittitas County
Sifers
Ynwennertal 1872 (2010)
Oerflak 9,92 km²
Befolkingsticht. 189,2 / km²
Hichte 583 m
Oar
Stifting 1886
Postkoade 98922
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
cityofcleelum.com
Cle Elum mei op eftergrûn de Cascades

Mei de bou fan it spoar oer de Stampede Pass kaam it idee om in treinstasjon te bouwen op it plak wêr Cle Elum no leit. Yn 1886 waard de bou úteinset troch it Noardpasifysk Spoar. It stasjon waard Clealum neamd, nei de namme Tle-el-Lum, wat 'fluch streamend wetter' betsjut yn de sprake fan de Kittitas yndianen. Dizze namme wie ornearre foar de rivier de Cle Elum. Yn 1908 wie de namme feroare ta Cle Elum. De namme wie jûn oan it plak, de rivier en de mar Cle Elum. It plattegrûn fan de stêd (26 bunder) wie letter yn 1886 ûntwurpen. Op 12 febrewaris 1902 waard it plak offisjeel in gemeente. De ekonomy fan Cle Elum draaide yn de begjin jierren troch it houtseagjen fan kapte beammen. Der stiene 2 houtseachmûnen. De bou fan de Stampede Tunnel foar it spoar, joech ek in ympuls foar de ekonomy. Ek wiene der koalminen yn de omkriten. Yn 1913 waard de bou fan in autowei Sunset Highway tusken Seattle en Spokane úteinset. Dizze wei wie eins de foarrinner fan de Interatate 90. Yn 1914 telde it plak 3000 ynwenners. Rûn 1900 wennen der mar sa'n 100. Op 25 juny 1918 hat in grutte brân sa'n 28 bunder stêd yn de jiske lein. De measte hûzen wiene noch fan hout. Tritich saken en 205 hûzen rekke ferlern. De stêd wie dêrnei wer gau opboud en no waarden hûzen fan stien boud.

Hjoed libbet Cle Elum fan it toerisme. Fral bûtendoar aktiviteiten en kampearen binne populêr, want Cle Elum leit yn it Cascades berchtme. De minen en de bosbou binne der net mear.

Keppeling om utens

bewurkje seksje