Snoqualmie Pass (Washington)

Snoqualmie Pass is in gemeentefrij plak (Census-Designated Place) yn Kittitas County en King County yn de Amerikaanske steat Washington. It leit yn it Cascades berchtme. It is neamd nei de berchpas fan Interstate 90 dat Snoqualmie Pass hiet en dy is wer neamd nei de Snokwalmy yndianen dy't yn de Snoqualmie Delling wennen. It doarp Snoqualmie Pass hie 311 ynwenners neffens de folkstelling fan 2010. It plak is ien de heechsten fan Washington kwa ynkommen de haad.

Snoqualmie Pass
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Kittitas County
Sifers
Ynwennertal 311 (2010)
Oerflak 7,4 km²
Befolkingsticht. 27,1 / km²
Hichte 831 m
Oar
Postkoade 98068
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7

Rekreaasje bewurkje seksje

Om it plak hinne binne ferskate fekânsjewentes foar bygelyks guon ynwenners fan de Seattle stêdekloft hawwe tydlik in fekânsjehûs en guon binne der jierrûn. Dat tal wurdt rûsd op 150. Wintersport is it foarnaamste, mar ek jierrûn bûtendoar aktiviteiten binne populêr.

De Pacific Crest Trail krúset oer Snoqualmie Pass hinne, mar ek in tal oare kuiertochten binne beskikber foar kuierjen en klimmen yn de simmermoannen en skyrinne en snierinne yn de wintermoannen.

De Summit at Snoqualmie bestiet út 4 skygebieten: Alpental, West Summit, Central Summit en East Summit (foarhinne Hyak). De Summit at Snoqualmie is it tichtste by foar skyers út Seattle.

Sniemobylje is mooglik justjes beëasten de pas yn de wintermoannen. Ek parapentes en seilfleanen wurde dien yn hjerstmoannen oer it Keechelus Mar.

Keppeling om utens bewurkje seksje