Vantage (Washington)

Vantage is in gemeentefrij plak (Census-Designated Place) yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington. It hie 74 ynwenners neffens de folkstelling fan 2010. It leit op de westigge fan de rivier de Kolumbia en benoarden oan Interstate 90.

Vantage
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Kittitas County
Sifers
Ynwennertal 74 (2000)
Oerflak 0,8 km²
Befolkingsticht. 84,8 / km²
Hichte 202 m
Oar
Postkoade 98950
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7

De Wanapum-yndianen wiene de earste bewenners fan it gebiet. Der is in ferskaat oan rotstekeningen bewarre bleaun op de klifrotsen. Hja brûken ek in ferskaat oan ferstienne hout foar it meitsjen fan spearpunten en ark. It stee wêr't de petroglifen fûn binne is ûnder wetter kommen mei it yn de 1960er jierren fan it oanlizzen fan de Wanapum Daam, in keardaam yn de Kolumbia. Sa'n 60 fan de 300 tekeningen binne fan de basalt klifs ôfsnijd en bewarre bleaun. Dit stee is ien fan de seldsumste fossile bosken yn 'e wrâld en is yn 1965 oanmurken as in National Natural Landmark troch de National Park Service.

Yn it iere 20e iuw waard de needsaak grutter foar in east-west ferbining oer de Kolumbia. Yn 1914 kaam der in fear foar auto's by Vantage. Dat fear wie lyts en koe mar 2 auto's tagelyk hâlde. Nei in stikmannich ûngemakken, wêrby't auto's yn it wetter rekken, waard besletten en meitsje in brêge oer de Kolumbia. Yn 1927 wie de hast 500 m lange útboubrêge ree. Dy brêge wie in wichtige ferbining yn it ramt fan de Sunset Highway tusken Seattle en Spokane, de foarrinner fan de hjoeddeiske Interstate 90. Mei de oanlis fan de fjouwerbaanske Interstate 90 waard de brêge yn 1962 ferfongen troch de hjoeddeiske brêge. De âlde útboubrêge, dy't mar twabaansk wie, waard ferhûze nei Lyons Ferry Crossing oer de rivier de Snake by Starbuck, Washington. It is no ien fan de âldste útboubrêgen fan Washington en stiet no op it National Register of Historical Places. Yn 1963 wie de Wanapum Daam reemakke en der ûntstie in mar. It eardere doarp Vantage kaam ûnder wetter te stean en waard justjes heger op in hichte werboud op it hjoeddeiske plak.

 
Panorama fan de Kolumbiakleau en Vantage rjochtsefter de brêge.

Der binne ferskate tenkstasjons, 2 restaurants en in kampearplak yn Vantage. Benoarden leit The Wild Horse Wind Farm, in wynmûnepark beheard troch Puget Sound Energy.
Justjes besuden Vantage is it Ginkgo Petrified Forest State Park, it park mei it bestienne hout. Dernjonken is it 'Wanapum Recreational Area', in kampearplak fan besikers fan benammen de Gorge Amphitheatre en it rotsklimmen.
It klimaat is dêr drûch en de trochsneed jierlikse delfal is 193 mm.

Keppeling om utens

bewurkje seksje