Naema Tahir
Naema Tahir (Slough (ûnder Londen), 23 augustus 1970) is in Nederlânsk skriuwer. Se is de dochter fan Pakistaanske âlden.
Yn 1980 kaam de hûshâlding Tahir nei Nederlân om har nei wenjen te setten yn Etten-Leur. Tahir wenne efterelkoar yn Slough, Etten-Leur, Faisalabad (Punjab), dêr't har âlden oarspronklik wei komme, Leien, Lagos en Straatsburch. Sy studearre Nederlânsk en rjochten yn Leien oant 1996 en wurke as jurist foar Nederlânske en ynternasjonale ynstellingen. Sy wennet yn Straatsburch, dêr't sy oant maart 2006 jurist minskerjochten foar de Ried fan Jeropa wie. Sy gong mei ferlof om faker yn Nederlân wêze te kinnen en oan har Nederlânsktalige boeken wurkje te kinnen. Omdat Nederlânsk har fjirde taal is giet it skriuwen yn dy taal better at sy it geregeldwei heard, lêst.
Troch har opiny-artikelen yn de NRC krige sy it stimpel 'kritysk moslima'. Tahir wie ien fan de seis froulju dy't ynterviewd waarden yn it boek De derde feministische golf fan de Flaamske polityk-filosoof Dirk Verhofstadt en waard ek útnûge foar it telefyzjeprogramma Zomergasten, jiergong 2008.[1]
Fan 2011-2012 wie Tahir kollumnist by Buitenhof en it NCRV-telefyzjeprogramma Altijd Wat. Yn 2019 promovearre hja op it ûnderwerp 'twongen houlik'. [2]
Tahir is troud mei rjochtsfilosoof Andreas Kinneging.
Bibliografy
bewurkje seksje- Een moslima ontsluiert, 2004
- Kostbaar bezit, 2006
- Eenzaam heden, 2008
- Groenkapje en de bekeerde wolf, 2008
- Bruid van de dood, 2011
- Gesluierde vrijheid : de moslima in de moderne wereld, 2015
- Brieven in Urdu, 2016
- Feminisme en groepsculturen, 2019 (essay yn de bondel Wolf - Dertien essays over de vrouw, ISBN 9789045037837, gearstald troch Maartje Laterveer)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Leestafel, Oer Een moslima ontsluiert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|