Nau fan Calais
(Trochferwiisd fan Nau fan Kalês)
It Nau fan Calais of Strjitte fan Dover is in wetter tusken Grut-Brittanje en Frankryk.
Nau fan Calais | ||
Yn it Ingelsk wurdt it Nau fan Calais de "Strjitte fan Dover" neamd. | ||
geografy | ||
type wetter | see-ingte | |
lokaasje | tusken s.e. Ingelân en n.w. Frankryk | |
lân | Feriene Keninkryk Frankryk | |
koördinaten | 51°00′ N, 1°30′ E | |
ûnderdiel fan | It Kanaal | |
sifers | ||
maks. breedte | 32 km | |
djiptegemiddelde | 46m |
De nammen ferwize nei it plak Calais yn Frankryk en Dover yn Ingelân. It Nau fan Calais ferbynt It Kanaal en de Atlantyske Oseaan yn it westen mei de Noardsee yn it noarden. De trochsneed breedte is 65 km.; tusken Dover en Calais is de breedte mar 32 kilometer. Dit feit makket it wetter in gaadlik plak foar feartsjinsten tusken Frankryk, Belgje en Ingelân. De Kanaaltunnel ûnder it Nau fan Calais ferbynt Grut-Brittanje mei Frankryk.