Nauwe Greons
De Nauwe Greons is in rivierke besuden Ljouwert. It is it ferlingde fan de Wide Greons en rint fan it Van Harinxmakanaal oer Himpens nei it Langdeel. It wetter wie jierren ôfsluten fanwege de oanlis fan it akwadukt oer de Wâldwei. Yn 2007 is it wetter wer iepensteld. De gemeente hat plannen om in fytsbrêge oan te lizzen dy’t oanslút op it fytspaad oer it akwadukt. Dan ûntstiet in fytspaad dat Warten mei Ljouwert ferbynt.