Middei (deidiel)

(Trochferwiisd fan Neimiddei)

De middei is it twadde fan 'e trije deidielen (de oare beide binne de moarn en de jûn). De middei falt tusken it tiidpunt fan 'e middei (12.00 oere), as de moarn einiget, en 18.00 oere, as de jûn begjint. Dêrmei omfiemet it it waarmste diel fan 'e dei, mei't dat berikt wurdt as de sinne syn senit (om 12.00 oere) al passearre is. Dat komt om't de ynstriele sinnewaarmte neitiid noch ferskate oerenlang grutter is as de waarmte dy't troch de Ierde wer útstriele wurdt, mei as gefolch dat de atmosfear dan earst noch fierder opwaarmet ear't er wer begjint ôf te kuoljen. Soks is benammen op tige hjitte dagen yn 'e simmer goed merkber, mei't de hjitste tiid fan 'e dei dan om 16.00 à 16.30 oere hinne falt. Winterdeis giet oan 'e ein fan 'e middei de sinne al ûnder, sadat de middei dan net inkeld in diel fan 'e dei, mar ek de jûnsskimer en stikje fan 'e nacht omfiemet.

Op 'e iere middei yn Wenen.

De middei wurdt gauris opspjalten yn 'e foarmiddei en de neimiddei, wêrby't de foarmiddei fan 12.00 oant likernôch 15.00 à 16.00 duorret, en de neimiddei fan 15.00 à 16.00 oere oant 18.00 oere. Yn Flaanderen wurdt de oantsjutting middag trouwens inkeld brûkt foar it tiidfak tusken 12.00 en 12.30 oere, dat yn Nederlân trochgiet foar it middeisskoft of 'tusken de middei'. Fierders sprekt men yn Flaanderen ek fan voormiddag ("foarmiddei") en namiddag ("neimiddei"), mar mei voormiddag bedoelt men it diel fan 'e dei foarôfgeande oan it tiidpunt fan 'e middei (9.00 à 9.30 oant 12.00 oere), en mei namiddag ferwiist men nei de tiidsperioade tusken 12.30 en 18.00 oere.

Foar de measte minsken omfiemet de middei it twadde diel fan 'e wurkdei of skoaldei. Yn dat ramt is it earste part fan 'e middei in perioade mei ôfnimmende produktiviteit, mei't de measte lju nei it iten wat sleau wurde. Neitiid giet de arbeidsproduktiviteit wer omheech, om syn hichtepunt te berikken om 15.00 oere hinne. Dan is it teetiid, en hâldt men even lins om tradisjoneel in kopke tee te drinken, faak mei in koek of in stikje bôle derta. Oan 'e ein fan 'e middei, nei 16.30 oere, nimt de produktiviteit wer ôf, oant foar de measte lju de wurk- of skoaldei einiget om 17.00 oere. Dêrnei reizget men werom nei hûs om iten te sieden foar it jûnsiten, dat meastal omtrint 18.00 oere optsjinne wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.