Neustrje

(Trochferwiisd fan Neustrië)

Neustrje wie in Frankysk keninkryk dat ûntstie doe't yn 511, nei de dea fan de Merovingyske kening Klovis I syn ryk neffens Frankysk wenst ferparte waard ûnder syn soannen.

It Frankyske Ryk (481-814) mei Neustrje (oranje)

It gebiet waard begrinze troch de Skelde yn it noarden en de Loire (Akwitaanje) yn it suden. Yn it westen lei Bretanje en de Atlantyske Oseaan en Bretanje, noardeastlik Austraasje en súdeastlik Boergonje.

Mear as hûndert jierren fierden de keningen fan Neustrje kriich mei harren buorlân, Austraasje, it eastlike part fan it eardere Frankyske ryk.

Nettsjinsteande de krigen wienen de twa Frankyske gebieten mar trije kear efkes feriene. De earste kear barde dat troch Klotar I en de twadde kear troch Klotar II. Lykwols wie dat beide kearen mar koart, om't it ryk dan wer tusken soannen opdield waard. De tredde kear wie koart ûnder it bewâld fan Gilderik II.

Yn 687 koe Pippyn fan Herstal, hofmeier fan Austraasje, Neustrje ferslaan en waarden de twa lannen foar langere tiid ferienige.