Nicholas Galanin (Sitka (Alaska), 1979) is in Amerikaansk multy-dissiplinêr keunstner en muzikant fan mingd etnysk komôf. Mei syn wurk ferkent er in dialooch oer feroaring en identiteit tusken de lânseigen en blanke kultueren en mienskippen.

Nicholas Galanin
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicholas Galanin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1979
berteplak Sitka (Alaska)
etnisiteit Aleoetysk
Angelsaksysk Amerikaansk
Tlingit
wurkpaad
wurksum as keunstner, muzikant
medium multymedia
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
galan.in

Libben en wurk

bewurkje seksje

Galanin waard yn 1979 berne yn Sitka, yn 'e Amerikaanske steat Alaska. Hy is fan mingd Aleoetysk, blank Amerikaansk en Tlingit-Yndiaansk etnysk komôf.

As lyts jonkje learde er al fan syn heit om mei juwiellen en lichte metalen te wurkjen. Letter folge Galanin oan 'e London Guildhall University yn it Ingelske Londen in oplieding yn sulversmidderij, dy't er ôfsleat mei in bachelorstitel yn 'e skiene keunsten. Neitiid folge er in oplieding fisuële keunsten oan 'e Massey Universiteit yn Nij-Seelân, dêr't er in mastergraad behelle.

Yn syn wurk fermingt Galanin de tradisjonele lânseigen keunst fan Alaska, benammen dy fan 'e Tlingit fan 'e Alaska Panhandle, mei de moderne Westerske kultuer. Dat docht er mei byldhouwurken, juwiellen, fotografy en audio-fisuële keunstuterings. Galanin syn bekendste keunstwurken drage de titels Things Are Looking Native, Native's Looking Whiter; What Have We Become? Vol. 3; en Tsu Heidei Shugaxtutaan (Tlingit foar: "wy sille dit doaske mei wiisheid, dat wy op 'e noed hawwe, wer iependwaan").

Dat lêste keunstwurk, dat te sjen is yn it Peabody Essex Museum yn Salem (Oregon), bestiet út twa fideo-opnamen. Yn 'e earste opname dûnset in blanke dûnser op tradisjonele Tlingit-muzyk, wylst yn 'e twadde opname in Tlingit-dûnser yn tradisjonele pronkdracht dûnset op elektroanyske muzyk dy't troch Galanin sels komponearre is.

Galanin hat mei syn wurk ferskate prizen wûn, wêrûnder de United States Artists Fellowship yn 2012, de Eiteljorg Conteporary Art Fellowship yn 2013 en de Rasmuson Foundation Fellowship Award yn 2014.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.