Nico Broekhuysen
Nicolaas Broekhuijsen (Doardt, 30 desimber 1876 – Hilversum, 13 maaie 1958) wie in Nederlânsk ûnderwizer, dy't ferneamd waard as útfiner fan it kuorbal.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie ûnderwizer yn Oisterwijk, Nymwegen en dêrnei yn Amsterdam dêr't er les joech oan de 'nieuwe schoolvereniging'. Yn 1902 gier nei it Sweedske plakje Nääs ûnder Göteborg foar in kursus nifeljen (hanwurk as skoalfak). Dêr ûntduts er it spul ringboll dat mingd spile waard. De bal moast troch in ring oan in trije meter hege peal smiten wurde. It fjild wie ferdield yn trije fakken, dêr't de spilers en spylsters net bûten komme mochten.
Werom yn Amsterdam liet Broekhuysen syn learlingen sa'n soarte spul spylje. De spulregels waarden ferienfâldige en de ring waard ferfongen troch in koer. Doe't der by it Amsterdamse Bond voor Lichamelijke Opvoeding socht waard nei in spul dêr't jonges en famkes tagelyk oan meidwaan koene, brocht Broekhuysen syn fariant yn.
Op 2 juny 1903 waard de Nederlandsche Korfbal Bond oprjochte, dêr't Broekhuysen foarsitter fan waard. Kuorbal waard fuortendaliks in populêre sport, mar joech ek spul, fanwege it mingd spyljen dat as ûnseedlik beskôge waard. Letter ferhuze er nei Baarn dêr't er haad fan de Nieuwe Baarnsche School west hat.
By de Olympyske Simmerspullen 1920 yn Antwerpen wie kuorbal in demonstraasjesport. Yn 1933 wie Broekhuysen mei-oprjochter fan de Fédération Internationale de Korfbal, it ynternasjonale kuorbalbûn. Oant 1934 bleau er foarsitter fan it Nederlânske bûn en waard dêrnei earefoarsitter.
Om de Earste Wrâldoarloch hinne ferhuze er nei Baarn dêr't er haad fan de Nieuwe Baarnsche School wie. Hy waard foarsitter fan Baarns Bloei, de foarrinner fan de VVV, fice-foarsitter fan it Volksbond tegen Drankmisbruik en sekretaris fan de Floralia Vereniging. Ek waard er bestjoerslid fan de Baarnsche Bond voor Lichamelijke Opvoeding. [1]
Yn 1958 ferstoar er yn'e âldens fan 81 jier; hy waard yn Baarn te hôf brocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|