Nicola Benedetti (West Kilbride (Skotlân), 20 july 1987) is in Britsk klassyk fioeliste fan mingd Skotsk-Italjaansk etnysk komôf. Hja makke as bern al namme en studearre oan 'e skoalle fan 'e ferneamde musikus Yehudi Menuhin. Yn 2004 wûn Benedetti de BBC Young Musician of the Year-wedstryd, wat late ta it sluten fan in platekontrakt ter wearde fan £1 miljoen.

Nicola Benedetti
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicola Benedetti
nasjonaliteit Britsk
berne 20 july 1987
berteplak West Kilbride (Skotlân)
etnisiteit Italjaansk
Skotsk
wurkpaad
sjenre klassyk
ynstrumint fioele
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
www.nicolabenedetti.co.uk

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Benedetti waard yn 1987 berne yn West Kilbride, yn it Skotske greefskip Noard-Ayrshire, as de dochter fan in Italjaanske heit en in Skotske mem. Hja gie foar it earst op fioelles doe't hja fjouwer jier wie. Fioelspyljen hie se blykber o sa'n talint foar, want mei acht jier waard se de lieder fan it Nasjonaal Berne-orkest fan Grut-Brittanje. Noch in jier letter hie se al acht nivo's fan muzykeksamens efterinoar trochrûn oan 'e ûnôfhinklike Wellington School yn Ayr.

Yn 1997, doe't Benedetti tsien jier wie, sette se útein mei har stúdzje oan 'e prestizjeuze Yehudi Menuhin School foar jonge musisy op it plattelân fan it Ingelske greefskip Surrey. Dêr krige se les fan ferneamde musisy as Natasja Bojarskaja en Yehudi Menuhin sels. Oan 'e ein fan har earste jier dêre, yn 1998, spile se solo as ûnderdiel fan it jierlikse konsert fan 'e skoalle yn Wigmore Hall. Teffens trede se doe tegearre mei Alina Ibragimova op as soloïst yn Londen en Parys, dêr't se it Dûbelfioelkonsert fan Johann Sebastian Bach opfierden. Letter naam Benedetti ek diel oan it betinkingskonsert yn 'e Londenske Westminster Abbey, nei it ferstjerren fan Yehudi Menuhin.

Yn 2000 trede Benedetti op mei it Keninklik Skotsk Nasjonaal Orkest en mei de Skotske Opera. Yn 2001 wurke se û.m. gear mei it Symfony-orkest fan de Stêd Londen, it Keninklik Filharmoanysk Orkest en it Skotsk Keamerorkest. Yn 2002 wûn se de United Kingdom's Brilliant Prodigy Competion, dy't live útstjoerd waard op 'e tillefyzje. Koarte tiid letter ferliet se mei fyftjin jier de Menuhin Skoalle om priveelessen te nimmen by Maciej Rakowski, de eardere lieder fan it Ingelsk Keamerorkest.

Yn it foarjier fan 2003 wurke Benedetti, dêrta útnûge troch it Londensk Symfony-orkest, mei oan 'e dvd Barbie of Swan Lake, dy't opnommen waard yn 'e ferneamde Abbey Road Studios yn Londen. As bonus wie oan dy dvd in solo fan Benedetti tafoege, mei as titel Playing with Passion. Oan 'e hân fan dizze dvd makke BBC Skotlân in dokumintêre oer de jonge fioeliste, dy't yn maart 2004 útstjoerd waard.

Yn maaie 2004, doe't se sechstjin jier wie, wûn Benedetti mei har útfiering fan Karol Szymanowski syn Earste Fioelkonsert de finale fan 'e BBC Young Musician of the Year-wedstryd, dy't holden waard yn 'e Usher Hall te Edinburch. Mei dêrtroch waard hja yn desimber 2005 útornearre as bêste Skotske muzikant yn it ramt fan 'e Top Scot Awards. As gefolch fan har oerwinning koe Benedetti ein 2004 ek in platekontrakt ter wearde fan £1 miljoen slute mei Deutsche Grammophon/Universal Music Group. Yn 2012 naam se diel oan it ferneamde Last Night of the Proms-konsert.

Priveelibben

bewurkje seksje

Benedetti ûnderhâldt in relaasje mei de jonge Dútske sellist Leonard Elschenbroich. Yn 'e mande mei de Russyske pianist Aleksej Grynjûk trede sy en Elschenbroich gauris op as in trio. Yn 2013 waard Benedetti beneamd ta lid fan 'e Oarder fan it Britske Ryk, foar har tsjinsten oan muzyk en goeddiedichheid.

albums
  • 2005 – Szymanowski: Violin Concerto No. 1
  • 2006 – Mendelsohn: Violin Concerto
  • 2007 – Vaughan Williams and Tavener
  • 2009 – Fantasie
  • 2010 – Tchaikovsky and Bruch: Violin Concertos
  • 2011 – Italia
  • 2012 – The Silver Violin
  • 2013 – My First Decade
  • 2014 – Homecoming - A Scottish Fantasy

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.