Nieuw-Monnikenhuize

Nieuw-Monnikenhuize wie tusken 1950 en 1998 it stadion fan fuotbalklub Vitesse. It stadion stie oan de Rosendaalseweg, in hûnderttal meters fan it eardere stadion Monnikenhuize út 1915.

Nieuw Monnikenhuize
Vitesse Stadion
  stadion
Nieuw-Monnikenhuize
Nieuw-Monnikenhuize
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
plak Arnhim
algemiene ynformaasje
type fuotbalstadion
teams Vitesse
kapasiteit 18.000
type oerflak gers
bou
iepening 1950
sloopt 1999
kaart
Nieuw-Monnikenhuize (Gelderlân)
Nieuw-Monnikenhuize
Lokaasje fan Nieuw-Monnikenhuize yn Gelderlân
Nij stadion Arnhim Polygoonsjoernaal 1950

Troch de Slach om Arnhim yn septimber 1944 befal de Dútske Wehrmacht de boargers fan Arnhim om harren stêd te ferlitten. Fan it Stadion Monnikenhuize bleau net in protte oer, en flak nei de befrijing baarnde it kluphûs ek noch ôf. De skea waard yn de jierren nei de befrijing wersteld, mar yn 1948 beslút de gemeenteried in nij stadion foar Vitesse te bouwen. It nije stadion waardt boud in pear hûndert meter benoarden fan de Monnikensteeg dêr't it âlde stadion stie. By de bou fan it stadion wurdt handich gebrûk makke fan 'e hichteferskillen. Sa wurdt der yn de noardwesthoeke fan it fjild boppe op ien helling de klaaikeamers en kluphûs boud. Om út de klaaikeamers wei op it haadfjild kommen, moast der gebrûk makke wurde fan in trep. Op 3 septimber 1950 wurdt Nieuw-Monnikenhuize troch de boargemaster fan Arnhim iepene.

Nieuw-Monnikenhuize hie op syn top 18.000 plakken. Der wiene betonnen stean- en sitplakken realisearre yn in hoefizerfoarm. Yn earste ynstânsje wiene der 4.500 oerdekte sitplakken. Pas yn de jierren '70 kamen der mear oerdekte plakken by, sawol op de sittribune as op de tsjinoer lizzende steantribune. Efter ien doel stie in houten steantribune, yn de folksmûle "de jongestribune" neamd. Letter waard dizze tribune ferfongen troch in ienfâldige houten tribune mei in pear rigen oerdekte sitplakken.

 
monumint ta neitins oan Nieuw-Monnikenhuize

Vitesse timmere nei de promoasje fan 1989 sportyf flink oan 'e wei. It stadion blykt dêrtroch net mear oan de easken te foldwaan. Foar de lêste jierren wurdt der hjir en dêr noch wat oplape oan it stadion, mar alles stiet dan al yn it teken fan de ferhuzing nei in nij ûnderkommen oan de súdkant fan de stêd. Yn maart 1998 naam Vitesse it multyfunksjonele stadion GelreDome yn gebrûk. Nei't de klup foar legere alvetallen, oefenwedstriden en trainingen noch in skoftke gebrûk makke hie fan Nieuw-Monnikenhuize, waard yn juny 1999 it stadion sloopt. Op it eardere plak fan it stadion binne húzen boud, en kaam der in monumint ta neitins oan it stadion.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL