Nij Smellinghe is sûnt 1945 in middelgrut algemien sikehûs oan it Compagnonsplein yn Drachten. It hjoeddeiske sikehûs, dat datearret fan 1970, hat 339 bêden en goed 1300 wurknimmers. De ynstelling jout behanneling en ferpleging op it mêd fan de meast foarkommende medyske spesjalismen.

Nij Smellinghe
  sikehûs
Nij Smellinghe yn 2014.
Nij Smellinghe yn 2014.
logo
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Compagnonsplein 1
koördinaten 53°05′58″N 6°06′42″E
bysûnderheden
type algemien sikehûs
streaming sekulier
bêden 339
wurknimmers >1.600
skiednis
hist. namme Protestantsk Sikehûs Drachten
oprjochting 1945
gebou
namme gebou Nij Smellinghe
boujier 1971
boustyl modern
offisjele webside
www.nijsmellinghe.nl
kaart
Nij Smellinghe (Drachten)
Nij Smellinghe
Lokaasje yn Drachten.

Skiednis Bewurkje

De sûnenssoarch yn Drachten sette út ein yn 1945. Op inisjatyf fan in tal tsjerken yn Drachten waard in hearehûs oan de Boargemaster Wuitewei kocht dat as kreamklinyk ynrjochte waard. Jierren letter waard in sikehûs festige yn in âld meubelfabryk oan it Mûnein. De namme wie doe 'Protestants Ziekenhuis Drachten'. Der wie ek in dependânse op it terrein fan it hjoeddeiske sikehûs mei de namme 'Dr. Lodderpaviljoen' mei in susterhûs anneks. Wat letter waarden der noch twa susterhuzen by boud.
Yn 1971 waard in nij gebou iepene oan it Kompanjonsplein en krige it sikehûs de namme: Nij Smellinghe. De namme ferwiist nei it kleaster yn Smelle Ie dêr't iuwen lyn nei alle wierskyn ek siken fersoarge waarden. It sikehûs is yn de rin fan de jierren faak ferboud. Yn 1990 waarden de polikliniken, ûndersyks- en behannelôfdielings útwreide en yn 1993 waard út ein set mei mear útwreidings.

Ekspertize Bewurkje

It 'Ekspertizesintrum foar lymfovaskulêre genêskunde' (ECL) fan Nij Smellinghe, dat al jierrenlang in goede namme hat, waard yn septimber 2015 - earst foar in jier - troch it ministearje fan VWS erkend as sintrum mei kennis fan in seldsume oandwaning.[1]

Keppeling om utens Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Drachtster Krante, 2 septimber 2015, Expertisecentrum Nij Smellinghe erkend door minister van VWS