Nijdam wie in reedfabryk dat yn 1896 begûn yn Drylts doe't Hotse Nijdam (1866-1937) mei it meitsjen fan redens út ein sette. Hotse wie timmerman dy't winterdeis reedhouten makke as byfertsjinste. Soks waard yn dy tiid folle faker dien, de fraach nei redens wie te lyts om fan rûn te kommen. Ynearsten waarden de 'houtsjes' oan smidten yn de omkriten levere, mar letter waarden de rôlen omkeard.

Logo fan Nijdam.
Nijdam redens.
âld logo.
Fabrikaazje.

Yn 1918 ferhuzet de Hotze mei syn frou Pytsje nei It Oranjewâld mei harren fjouwer soannen, Gerrit (1897-1981), Jan (1899-1958), Simon (1905-?) en Klaas (1916-1980). Nijdam hat safolle wurk dat Hotze him taleit op it meitsjen fan reedhouten. Reedhouten binne de twa houten dielen fan in pear redens dêr't de izers ûnder setten waarden en Nijdam neamt himsels dan reedfabrikant. Nei syn ferstjerren yn 1937 geane syn frou en twa soannen Simen en Klaas troch mei it bedriuw. As Simen wat oars dwaan giet nimt Klaas it bedriuw oer. De tredde soan Jan wurket earst op Nijbrêge en op It Hearrenfean by in baas mar wurdt yn 1925 klompmakker op Nes yn Akkrum. Hy makket dêr earst ek reedhouten by mar rjochtet yn 1934 in eigen reedfabryk op, mar lit de izers taleverje. Syn heit -en letter broer Klaas- wurde dan syn konkurrinten. Sa binne yn Akkrum dus twa reedfabrykjes, it bedriuw fan heit Hotse en dat fan syn soan Jan. Yn 1942 wurdt Jan syn broer Klaas kompanjon. Se begjinne tegearre in nije saak mei de masines fan heit Hotze ûnder de namme Firma Gebr. Nijdam & Zn v/h H. Nijdam & Zn. Mar yn 1946 treedt Klaas út en wurket dêrnei thús as houtbewurker. Der wurde ferskate soarten redens makke, Fryske modellen (wêrûnder de keninginnereed) mar ek Hollânske swierredens. It Nijdam fabryk levert dan ek oan bedriuwen as V&D en De Bijenkorf. Wyls is ek Jan syn soan Tjitze yn de saak komd en dy nimt yn 1958 it bedriuw oer.

Tjitze begjint yn 1964 mei in eigen smidte en makket ek hege noaren en keunstredens. De izers fan de houten redens waarden stimpele mei it merk J. Nijdam Akkrum, mar soms waard de J weilitten of de ij as y skreaun. Goedkeape redens of op de houtsjes in etiket mei 'Friesch fabrikaat' of yn de izers in stimpel mei 'Friese schaats'. Yn de izers fan de noaren stie it stimpel N.S.A. en in typenamme as Meteor, JongensNoor en Junior. Yn de keunstredens stie Gracia yn kombinaasje mei it figuerke fan in keunstrydster. Yn it topjier 1964 wurde 148.000 pear houten redens makke en ealwei de santiger jierren binne tritich man yn tsjinst en makket dan sa'n 1500 redens wyks. Dêrnei komme der net folle strange winters mear en de magazinen komme fol redens te lizzen, sadat in tal wurknimmers dien krijt. As it yn 1976 wer fûl friest en der wer in soad riden wurdt is dy foarried yn in pear wike tiid ferkocht. Yn 1976 beslút Tjitze om allinnich noch mar redens te meitsjen foar reedleveransier Zandstra.

Hotze syn âldste soan Gerrit is de twadde soan dy't in eigen bedriuw begjint. Hy wurke fan 1918 - 1924 by de plysje yn De Haach en komt yn 1924 by syn heit oan it wurk. In jier letter komt er by in timmerman yn Grou. Yn 1929 ferhuzet er nei It Oranjewâld. Neist syn wurk as timmerman is er ek pensionhâlder, fotograaf en makket nei 1930 krektas syn broer reedhouten. Yn 1935 krijt Gerrit in eigen reedfabryk en wurkpleats oan de Wilhelminawei om sels ek izers smeie te kinnen.

Nei in juridyske striid yn de fyftiger jierren mei Gerrit de offisjele merknamme Nijdam tawiisd, Jan levert dan it merk N.S.A. (Nijdam Schaatsen Akkrum). Nei de oarloch pakt Gerrit de redensproduksje wer op en ferkeapet se earst ûnder it merk GHN. Hy deponearret it merk 'Nijdam' en yntrodusearret ek merken as Madijn (anagram fan Nijdam) en Paspoort. De houten noaren krije de typeoantsjutting Condor.

As der geandewei mear fraach komt nei 'stielen' noaren, wurdt it bedriuw ymporteur fan it Noarske merk Ving. Dêrneist wurdt in eigen line fan metalen redens ûntwikkele. Redens en skuon wurde los ynkocht en yn eigen bedriuw oan de Wilhelminawei wurde de skuon op de izers setten. Se wurde ferkocht ûnder nammen as Kondor (heechste kwaliteit), GHN, Diploma en Koh-i-noor (populêre segmint).

Nei de oarloch begjint it reedmeitsjen wer mar nimt dochter Coosje Nijdam mei har man Koos Woortman de direksje oer. De hannel yn wintersportartikels wurdt haadsaak, benammen omdat de ferkeap fan redens te ôfhinklik fan winters wie en yn 1968 komt oan de eigen produksje fan redens in ein. It bedriuw fiert no in tal bûtenlânske merken enset op merkleaze redens it etiket 'Nijdam Racer'. Yn 1978 nimt Borsumij Wehry N.V. it bedriuw oer. Dat ferkeapet de wintersporttakke en yn 1996 komt de merknamme yn hannen fan Schreuders Sport International.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: