Nije Kanaal (De Pein)

It Nije Kanaal is in kanaal yn de gemeente Smellingerlân. De feart ferbynt De Pein mei de plasse by de suveringsynstallaasje noardlik fan Bûtenstfallaat en de haven oan de westkant fan Drachten. Oan de noardkant fan De Pein stiet it yn ferbining mei it Peinder Kanaal en De Leien.

De namme Nije Kanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Kanaal.