De Nije Opfeart is in feart yn de gemeente Dantumadiel. De feart rint fan de Dwarsleane east fan Broeksterwâld nei it suden en rint út yn de Falomster Feart oan de eastkant fan De Falom.

In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.

De namme Nije Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Opvaart.