Opfeart
(Trochferwiisd fan Brânsleat)
In opfeart is de beneaming foar in feart dy't min ofte mear heaks op in oare feart stiet. De namme komt benammen foar yn Grinslân en Fryslân. In opfeart wurdt ek wol Skipsleat, Skipfeart of Brânsleat neamd. Dy nammen komme ek bûten de beide noardlike provinsjes foar.
Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.
De namme 'brânsleat' ferwiist nei de oare reden om sa'n wetter oan te lizzen: de beskikking hawwe oer genôch bluswetter yn gefal fan brân.
In bulte fan dizze sydtûken hawwe harren funksje ferlern en binne no tichtsmiten.
In pear opfearten
bewurkje seksje- de Cambuurster Opfeart yn Ljouwert
- de Eagumer Opfeart by Eagum
- de Lekkumer Opfeart by Lekkum
- de Mantgummer Opfeart by Mantgum
- de Miedumer Opfeart by Miedum
- de Offenwierster Opfeart by Snits
- de East-Yndyske Opfeart yn Berltsum
- de Skipsleat fan de Tsjonger nei Wolvegea
- de Eelderskipsleat op it Hoornsediep by Eelde
- de Roderwolder Skipsleat en de Peizer Skipsleat, beide op it Peizerdiep by Roderwolde