De Nije Pompsleat is in feart yn de gemeente It Hearrenfean. De feart rint fan it Nonnegat by It Deel nei it fiadukt oer de N32 by Haskerdiken. East fan it fiadukt rint de Pompsleat fierder as de Ringfeart om De Deelen.

De namme Nije Pompsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Pompsloot.