Nije Synagoge (Berlyn)
De Nije Synagoge (Dútsk: Neue Synagoge) is in synagoge yn 'e Dútske haadstêd Berlyn. De synagoge stiet oan 'e Oranienburger Straße yn Berlin-Mitte en is oan 'e gouden koepel fan fierrens te werkennen. It tsjintwurdich as Centrum Judaicum bekende gebou wurdt as kultureel sintrum brûkt.
Nije Synagoge | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
plak | Berlyn | |
adres | Oranienburger Straße | |
koördinaten | 52° 31' N 13° 23' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Eduard Knoblauch en Friedrich August Stüler. | |
boujier | 1859–1866 | |
Webside | ||
Side joadske mienskip Berlyn | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeHealwei de 19e iuw wie de joadske gemeente fan Berlyn foars groeid en om 1860 hinne bestie dy út likernôch 28.000 minsken. Doe wie der yn Berlyn noch mar ien synagoge, de Alde Synagoge yn 'e Heidereutergasse, dy't yn 'e jierren 1712-1714 boud wie en oant 1942 brûkt waard.
Yn 'e jierren 1850 kocht de mienskip in stik grûn oan yn 'e Oranienburger Straße, yn in buert dêr't doe in soad joaden wennen. De Nije Synagoge waard der sûnt 1859 neffens in Moarsk ûntwerp fan Eduard Knoblauch en Friedrich August Stüler boud. Yn 1866 waard de nijbou yn gebrûk nommen. De kosten fan 'e bou (725.000 Dútske daalders) wiene by de foltôging seis kear sa heech as begrutte (125.000 Dútske daalders).
Yn 'e Kristallnacht fan 1938 stutsen manlju fan 'e SA de synagoge yn 'e brân, mar plysjekommisaris Wilhelm Krützfeld kaam der op ôf en warskôge har dat it gebou ûnder monumintesoarch stie en belle fuort de brânwar, dy't de brân noch dwêste koe en sa bleau de Nije Synagoge foar ferneatiging sparre. Der bestiet in foto fan 'e synagoge dy't yn 'e lôge stiet, mar dy foto is nei de Twadde Wrâldoarloch manipulearre. Al yn april 1939 koe de synagoge nei in renovaasje op 'e nij yn gebrûk nommen wurde. Op 14 jannewaris 1943 waard foar it lêst in tsjinst fierd en dêrnei brûkte de Wehrmacht it gebou om unifoarmen yn op te slaan.
Oan it begjin fan 'e loftslach om Berlyn brochten Britske bombardeminten op 'e stêd yn 'e jûn fan 22 novimber 1943 swiere skea oan it gebou. By dat bombardemint gie ek it fjouwermanualige Walcker-oargel mei 91 registers ferlern. Nei de oarloch tsjinne de ruïne as leveransier foar boumateriaal.
De skansearre boudielen waarden yn 1958 fanwegen ynstoartingsgefaar ôfbrutsen. Allinne de gevel bleau as warskôging tsjin oarloch en nasjonaalsosjalisme stean. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1980 waard útein set mei in werbou. Der waard mei opsetsin keazen om sawol de oarspronklike arsjitektuer as de ferneatiging dêrfan sichtber te hâlden troch it gebou mei de dekoraasjes net folslein te rekonstruearjen, sadat de synagoge ek hjoed-de-dei as in monumint tsjin de oarloch tsjinnet. De gevel oan 'e strjitte en de haadkoepel binne wol neffens it oarspronklike plan rekonstruearre. Yn 1995 waard de synagoge wer iepene.
Oanslach
bewurkje seksjeYn 2019 besocht in Syryske moslim ûnder de wurden Allahu akbar oer in ôfsetting te kommen om mei in mes de bewekkers fan it gebou oan te fallen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Neue Synagoge (Berlin) (ferzje 5 maaie 2024)
|