Nijeveen is in doarp en eardere gemeente yn it súdwesten fan de Nederlânske provinsje Drinte. Sûnt 1998 makket de eardere gemeente Nijeveen diel út fan de gemeente Meppel en omfieme de doarpen Kolderveen, Nijeveense Bovenboer en Kolderveense Bovenboer. It doarp Nijeveen hie yn 2020 3810 ynwenners.

Nijeveen
De Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Nijeveen
De Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Nijeveen
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Meppel
Sifers
Ynwennertal 3.810 (2020)
Oerflak 25 km²
Befolkingsticht. 152 /km²
Oar
Postkoade 7948
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 44' NB, 6° 10' EL
Offisjele webside
Doarpsferiening Nijeveen
Kaart
Nijeveen (Drinte)
Nijeveen
Kaart
De Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Nijeveen
Lizzing fan Nijeveen yn de gemeente Meppel

Skiednis bewurkje seksje

De skiednis fan Nijeveen giet tebek oant 1477. Yn 1977 waard it 500-jierrich bestean fan it doarp fierd. Fan âlds bestiet Nijeveen út lintbebouwing by de Dorpsstraat del mei grutte pleatsen. Dy binne benammen noch yn gebrûk foar de feetylt. Nijeveen en omkriten skaaimerket him as dûbellint. Oan de súdkant rint it lint fan de Dorpsstraat oer de Nieuweweg troch nei de útbuorren Kolderveen. De noardlike lintbebouwing omfiemet de útbuorrens Nijeveense Bovenboer en Kolderveense Bovenboer.

Havelterveen en Hesselternijeveen binne âlde nammen fan it doarp. It âlde doarp Hesselte benoardeasten fan Nijeveen feroare syn namme yn de santjinde iuw ta Darp, dat "doarp" betsjut.

Yn de santiger jerren waard in grut stik by Nijeveen boud. Oan de ein fan de tweintichste iuw waard de Vogelbuurt (Fûgelbuert) boud, dat in nijbouwyk mei grutte wenten. De strjitten krigen allegear nammne fan fûgels, fandêr de namme fan de wyk. Daliks nei it jier 2000 sette de gemeente Meppel út ein mei in nijbouplan: Daninge Erve. Om't der om 2005 hinne in soad fraach nei gruttere wenten wie, waard der in fillawyk stifte yn Nijeveen. Dy wyk krige de namme Daninge Erve-Zuid. Begjin 2008 kaam de gemeente Meppel mei it plan om Daninge Erve-Zuid út te wreidzjen.

Tusken Nijeveen en Meppel wurdt in grut nijbouprojekt boud: de Nieuwveense Landen. Dat plan sil om 2050 hinne ree wêze moatte.

Tusken 1946 en 1962 wie de út Fryslân ôfkomstige Douwe Weima boargemaster fan de gemeente Nijeveen

Geografy bewurkje seksje

Nijeveen leit yn it súdwesten fan Drinte tichteby de plakken Meppel en Stienwyk. Troch Nijeveen rint de Nijeveense Grifte. Dy wetterwei is net mear te befarren. Eartiids waarden oer dy farwei produkten nei de merk yn Meppel ferfierd.

Nijeveen leit oan de A32 fan Ljouwert nei Meppel.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Galery bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Plakken en buorskippen yn de gemeente Meppel
 
Stêd: Meppel
Doarpen: KolderveenNijeveenRogat
Buorskippen: BroekhuizenDe KolkHavelterbergHavixhorstKolderveense BovenboerLindenhorstNijentapNijeveense BovenboerSchiphorst