Douwe Weima
Douwe Weima (Hidaard, 21 maaie 1897 - Apeldoarn, 1990) wie in Drintsk politikus en Nederlânsk fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich.
Weima wie amtner yn Westerbork, foardat er yn 1930 gemeentesiktaris yn Oosterhesselen waard. Yn Oosterhesselen wurke er ûnder boargemaster Cornelis de Kock op mei wethâlder Johannes Post, de lettere fersetsman. Weima droech by oan it ferset mei in opfallende die: yn 1943 fertsjustermoanne er in grut part fan it befolkingsregister en stoppe dat ferside yn in âlde bakûne. Yn syn ôfskiedsbrief oan boargemaster de Kock skreau er: Ik heb de lijst van mannelijke ingezetenen tussen 1897 en 1924 vernietigd. Om te voorkomen dat die lijst weer wordt gemaakt heb ik het Bevolkingsregister laten verdwijnen. Mijn geweten verbiedt mij mee te werken aan landverraderlijke activiteiten. Weima besocht sa foar te kommen dat ynwenners fan gemeente oanwiisd wurde koene foar wurkjen foar de besetter.
Weima syn frou siet twa wiken fêst yn Assen en waard dêrnei noch fjouwer wike bewaakt doe’t hja yn it sikehûs lei. Letter dûkte sy mei de bern ûnder; Weima kaam op de deadelist.
Yn 1946 waard Weima boargemaster fan Nijeveen, wat er oant 1962 bliuwe soe. Hy waard eareboarger fan Nijeveen en krige it Fersetsbetinkingskrús.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |