Nikolaj Gûljajev
Nikolaj Aleksejevitsj Gûljajev (Moskou, 1 jannewaris 1966) is in earder Russysk reedrider. Berne yn de doetiidske Sovjet-Uny kaam er oant en mei 1991 út foar de Sovjet-Uny.
Nikolaj Gûljajev | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nikolaj Aleksejevitsj Gûljajev | |
nasjonaliteit | Russysk | |
bertedatum | 1 jannewaris 1966 | |
berteplak | Moskou | |
lingte | 1.92 m | |
gewicht | 88 kg | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Calgary 1988, Tignes-Albertville 1992 | |
debút | 1986 | |
karriêre-ein | 1992 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1988, 1x goud WK Allround 1987 |
Hy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en it Wrâldkampioenskip sprint, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1988 en 1992). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen en Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear allround kampioen fan de Sovjet-Uny. Jannewaris 1988 waard Gûlajev pakt mei 700 kapsules anabole steroiden. Hy mocht derom net meidwaan oan de Europeeske en Wrâldkampioenskippen allround, mar mocht dochs fan start gean op de Olympyske Winterspullen yn Calgary om't er net betrape wie op it brûken fan doping[1][2][3]. Yn 1992 stopte Gûljajev mei reedriden op heech nivo fanwegen in blessuere oan syn rêch.
Persoanlike rekôrs
bewurkje seksjeOfstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|
500 meter | 36,84 | 22 desimber 1989 | Medeo, Alma-Ata |
1000 meter | 1.13,03 | 18 febrewaris 1988 | Olympic Oval, Calgary |
1500 meter | 1.52,70 | 15 febrewaris 1987 | Thialf, It Hearrenfean |
3 km | 4.11,2 | 17 desimber 1987 | Winterstadion, Leningrad |
5 km | 6.51,28 | 14 febrewaris 1987 | Thialf, It Hearrenfean |
10 km | 14.28,45 | 15 febrewaris 1987 | Thialf, It Hearrenfean |
Resultaten
bewurkje seksjejier | EK Allround |
WK Allround |
WK Sprint |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|---|
1986 | 5e | |||
1987 | ||||
1988 | 500 m, 36ste 1000 m, 1500 m, 7e | |||
1989 | 18e | |||
1990 | 20ste | |||
1991 | 17e | 8ste | ||
1992 | 7e | 1000 m, 8ste |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|