Njoggeneachfisken

De njoggeneachfisken of njoggeneagen en sibben (wittenskiplike namme: Petromyzontida of Hyperoartia) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de boppeklasse fan 'e kaakleaze fisken (Agnatha). Yn dizze groep wurdt it skift fan 'e njoggeneagen (Petromyzontiformes) gearbrocht mei ferskate besibbe fossile skaaien, te witten: Endeiolepis, Euphanerops en Jamoytius.

njoggeneachfisken
In riviernjoggeneach (Lampetra fluviatilis).
In riviernjoggeneach (Lampetra fluviatilis).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
boppeklasse: kaakleaze fisken (Agnatha)
(sûnder rang): rûnmûnigen (Cyclostomata)
klasse: njoggeneachfisken (Petromyzontida)

Dizze taksonomyske yndieling is omstriden. Party paleöntologen pleatse de neamde fossile kaakleaze fisken noch yn 'e klasse Anaspida fan 'e skaalhûdigen (Ostracodermi), al wurdt dat wat langer wat mear beskôge as in keunstmjittige yndieling op grûn fan foarâlderlike skaaimerken. De yndieling fan 'e njoggeneachfisken mei de slymnjoggeneachfisken (Myxini) by de rûnmûnigen (Cyclostomata) is lykwols ek twifelich, mei't guon saakkundigen úthâlde dat de slymnjoggeneachfisken in folle primitivere foarm fan fisken fertsjintwurdigje. Resint DNA-ûndersyk liket de bân tusken de njoggeneachfisken en de slymnjoggeneachfisken lykwols te befêstigjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.